y GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt6 Utstelnr.91/81 Stiens, 19 juny 1991 Underwerp: tariedingsbeslut bestimmingsplan Stiens-dorp foar de wente Pyter Jellessingel 5 te Stiens Oan de gemeenteried De hear E. Oevering, eigener fan it bedriuw "Janny" hat fersocht mei- wurking te ferlienen ta it wizigjen fan de bestimming op de wente Pyter Jellessingel 5 te Stiens. Dit perseel hat no in wenbestimming De hear Oevering is fan doel de wente gear te foegjen mei de neistlizzen- de winkel. Dat sil op san wize gebeure, dat it oansjen fan de wente be- stean bliuwt en de foargevel fan oangrinzjende winkel deselde styl as dy fan de wenning kriget. De feroaring fan de bestimming past yn de fisy oangeande de bebouwing run de tsjerke. By it op'e nij feststellen fan it bestimmingsplan Stiens- dorp leit in bestimming "gemengde bebouwing" lyk as jildt foar bygelyks de Lange Buorren, foar de han. De meiwurking dy't frege wurdt, kin ferliend wurde fia in art. 19 prose— duere. Derfoar moat in tariedingsbeslut nommen wurde. Wy stelle ut der ta te besluten en de fierdere ofhanneling fan de prose- duere oan us kolleezje oer te litten. De kommisje D.O.W. kin har hjir mei lykfine. De stikken dy't op dit punt slaan lizze yn de riedsportefeuille op besjen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 14