LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 30e maaie 1991. Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Teitsma, Eisenga, Van der Heide, Dijkstra, Tulner, Van der Ende, Boersma, De Vries, Van Rijn, Ketellapper en de beide wethalders mefrou Glas en de hear Jansma. Foarsitterde hear Bijl, boargemaster Siktaris de hear Kingma, gemeente-siktaris Ban I - 0000 m. De foarsitter dielt mei, dat in tal riedsleden witte litten hat earst punt 23 behannelje te wollen. Hy stelt derom dit punt oan'e oarder. 23Utstel oangeande unfoarsjoene utjeften foar utsetting fan it budzjet en it trochskowen fan ynvestearingen 91/75 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga, Dijkstra, Van der Ende, en De Vries en de foarsitter. Frege wurdt werom de behanneling fan dizze saak net opskoot wurde kin oan't de foarjiersnota en werom just dizze saken utsteld wurde De foarsitter jout in taljochting op de posten dy't oanjun binne. Hy wiist der op dat by de foarjiersnota keuzes makke wurde moatte en prioriteiten oanjun wurde sille. Nei de diskusje yn twadde ynstansje oer de underwerpen dy't trochskoot wurde kinne freget de foarsitter wa't tsjin it utsel fan it kolleezje is. As net ien dat beandert, konkludearret de foarsitter dat it utstel oannommen is. 1Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 25e april 1991 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Van Rijn en de foarsitter. Side 2, punt 7. Yn de lOe rigel moat yn stee fan "it kolleezje" stean: de beide wethalders. By punt 9 is "net soarchfaldich" te swier. De beslutelist wurdt fierder unferoare feststeld. 2Ynkommen stikken en meidielings 91/54 1507 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Eisenga (II-c)Teitsma (Ill-a en b)Eisenga (III-c)Van der Heide (Ill-d en f)Dijkstra (Ill-b en d)Tulner (Ill-e)Van der Ende (III-c), De Vries (III-c), de foarsitter en de wethalders Glas en Jansma. Tasein wurdt Ill-e yn de kommisje Algemiene en Bestjoerlike Saken oan de oarder stelle te sillen en III-c en f yn de kommisje Wolwezen. 3Utstel oangeande it oanpassen ferskate rjochtsposysjeregelings 91/55 1889 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 4