- 2 - 5. Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsplan Jelsum, 't Haantje foar de bou fan in hynsteboks by it bedriuw fan Titan oan de Bredyk. 91/80 0804 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Van Rijn, Ketellapper en de foarsitter. De hear Teitsma wiist op de ofspraken yn de kommisje DOW oer de winsklike utfiering. Under oaren om run dit perseel beplanting oan te bringen. De hear van Rijn slut him hjirby oan. Hy freget dizze saak op'e ny yn de kommissie DOW te bringen. De hear Ketellapper seit dat de sitewaasjetekening fout is. Der soe in nij plan komme. Efter it besteande gebou of der tsjin oan. De foarsitter seit dat it kolleezje de miening fan DOW underskriuwt wat de materiaalkeuze oanbelanget. De bedoeling is west de boks oan de sudkant te bouen. Hy begrypt dat de rie mouite hat mei it plak dat no oanwiisd is. Tasein wurdt dizze saak op'e nij yn de kommisje DOW te bringen. De fraach oer de beplanting komt der ek oan de oarder. 6. Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsplan Stiens-Doarp foar de wente Pyter Jellessingel 5 te Stiens. 91/81 0970 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Teitsma en de foarsitter. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 7Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsplan "Buitengebied" foar de oanlis fan in paralleldyk Stiens-Hijum. 91/82 0995 m. Dit utstel wurdt ynlutsen. 8. Utstel oangeande tuskentiidse rapportaasje (juny-notysje) 91/83 1000 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen de Vries, Boersma, Dijkstra, Eisenga en de foarsitter. Nei oanlieding fan itjinge de sprekkers nei foaren bringe dielt de foarsitter mei, dat it bedrach fan 10 miljoen foar it akkommodaasje- belied in oanset is, bedoeld om te besjen hoe fier je gean kinne sunder drakonische ferheging fan de belesting. Effisjinter wurkje kin. It betsjut net dat soks no net it gefal is. De ynfoiling sil meidertiid oanjun wurde. Gjin untslagen of mouilike en swiere reorganisaasje -3-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 6