- 3 - Oer it kombinearjen fan oanslagen sil noch ris praat wurde yn de kommisje ABZ. De termyn fan ynfoardering is mei ofhinklik fan it wol of net kombinearjen fan oanslagen of it integrearjen fan belestingen. Yn de begrutting is struktureel in bedrach opnommen foar automatisearring. De behoefte is dermei ofdekt. Hy seit ta, dat bij it utstel om de leges kostendekkend te meitsjen in kostpriisberekkening makke wurde sil. Hy konstatearret dat der yn de rie gjin draachflak is foar yntegraasje fan belestings (allinne de fraksje fan de P.v.d.A. is foar), dat de rie ynstimme kin mei de punten 1, 2 en 3a fan it utstel. Der ridlike stipe is foar punt 3b: FNP—fraksje: grutte mouite; WD-fraksje: tsjin 5% ferheging en wolle us op gjin inkelde wize bine. Yn grutte linen stipe foar punt 4. Punt 5a sit der net yn en 5b, c en d nochris op'e nij besjen. 9. Utstel oangeande opmeitsjen diel aide Koarnjumerdyk (tagong pleats Tjeerdsma) 91/84 2412 m. Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 10. Utstel oangeande ferkearsmaatregels trasee Truerderdyk - It Noarderfjild. 91/85 2417 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Tulner en wethalder mefrou Glas. Mevrouw Glas wil het aanbrengen van een verkeersbord in overweging nemen. Andere maatregels zijn financieel niet mogelijk. Zullen dit bij de herziening van het verkeersplan nog eens bezien. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 11. Utstel oangeande mearjierrenprogramma Monuminten. 91/86 2460 m. SUnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 12. Utstel oangeande branprevinsje gebou 8-88. 91/87 2466 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ketellapper en de foarsitter. SQnder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. 13. Utstel oangeande koordinearre alderenwurk. 91/88 2521 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, van der Heide, Tulner, van Rijn, wethalder Jansma en de foarsitter. -4-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 7