LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Nr-Jf de iiiklisi ?rV £f Underwerp Riedsgearkomste Stiens, 16 septimber 1991. Oan de gemeenteried Hjirby noegje ik jimme ut de riedsgearkomste fan sneon 21 septimber 1991 by te wenj en Dizze bysundere gearkomste op de gemeentedei begjint om 10.30 oere en sil unge- fear in heal oere duorje. De boargemaster. wurklist utstel 1Iepening 2. Ynkommen stikken en meidielings 3. Utstel oangeande it beskikberstellen fan in kredyt foar it halden fan in tentoanstelling oer de ge- 91/101 meente yn 1992. 4. Sluting Sa as al oanjun is, wurdt dizze gearkomste holden op de gemeentedei. It folsleine programma fan dizze dei is: 9.30 oere iepening fan de iepen dei troch boargemaster mr. C. Bijl 9.45 - 10.15 oere presintaasje promoasjefilm oer de gemeente 10.15 - 10.30 oere skoft 10.30 - 11.00 oere koarte riedsgearkomste Om 11.00 oere begjinne de ferskate aktiviteiten yn it gemeentehus sa as it besjen fan de wurkromten en de presintaasje fan it ferieni- gingslibben ut us gemeente. Ek de sporthal en it swimbad sille op dizze dei iepen weze foar belangstellenden. Op it plein foar it gemeentehus sille branwacht-, plysje- en ambulansedemonstraasjes ofwiksele wurde troch optredens fan ferskate musykferienings en demonstraasjes fan in tal sportfe- rienings De aktiviteiten yn it gemeentehus duorje oant 13.00 oere en dy op it plein oant 14.00 oere. Mei heechachting, De boargemaster fan Ljouwerteradiel, Mr. C. Bijl

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 2