LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Agindapunt3 Foarstelnr91/101 Stiens, 16 septimber 1991 Underwerp beskikberstellen fan in kredyt foar in tentoanstelling yn 1992. Oan de gemeenteried De gemeente Ljouwerteradiel hat in rike histoarje. Tink bygelyks mar ris oan de prachtige states dy't der yn us gemeente steane. Net allinne op dat med, mar ek op it med fan regels is dat sa. Hjoed de dei wit hast elts wol hoet regels untstean. Eartiids wie dat hiel oars. Regels waarden net sa gau op skrift stelt en binne dertroch net bewarre bleaun. De earste kear dat Ljouwerteradiel yn in skriftlik stik neamd wurdt datearret fan 1242. Yn 1242 stelden in oantal grietmannen foar de ynwenners fan It Nylan fan Oostergo" in rjochterlike organisaasje yn. Fan de akte weryn dit regele waard, is allinne in ofskrift bewarre bleaun. Dizze wurdt bewarre yn Oxford en is doedestiids opstelt yn Wyns. Yn dizze akte wurdt foar it earst sprutsen oer de gemeente Ljouwerteradiel "Lyuwerda Yn 1314 wurdt sels al in plaknamme ut us gemeente neamd, Lekkum "Lachum De grieteny Ljouwerteradiel wurdt sa om 1314 hinne neamd yn de mande mei noch fiif oare grietenijen. Der bleaunen fjouwer fan oer,^te witten Ljouwer teradiel, Tytsjerksteradiel, Idaarderadiel en Smellingerlan. Gearwurking wie der foaral op it med fan wettersteat. Al gau waard der sprutsen fan it Leppa - ferbun. It docht bliken dat dit "Leppa-ferbun" ferskate oerienkom- sten oangien is, werby't de grietman fan Ljouwerteradiel seker gjin swakke skeakel wie. De bynamme "grietman yn de Leppa" jout syn ynfloed oan. Jimme merke wol dat Ljouwerteradiel har fanof 1242 dudlik heare en sjen litten hat. Dat is yn 1992 presys 750 jier lyn. It liket us in goed idee omhjir yn 1992 by stil te stean. Wy tinke der oan dit fia in tentoanstelling yn wurd en byld te bringen. De tentoanstelling soe yn gearwurking mei de iepenbiere bibleteek te Stiens en de Fryske Akademy te Ljouwert opset wurde kinne. Ek soe foar de basisskoallen in lesbrief makke wurde kmne. Fansels binne oan it utfieren fan dizze foarnimmens kosten ferbun. De kosten skatte wy op 15.000, Wy stelle jimme foar it benedigde kredyt beskikber te stellen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 3