/V LEEJWARDERADEa GEMEENTC Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 26e septimber 1991. Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Teitsma, Eisenga, Van der Heide, Dijkstra, Tulner, Van der Ende, Boersma, De Vries, Van Rijn, Ketellapper en de wethalders Jansma en mefrou Glas. Foarsitter; de hear Bijl, boargemaster Siktaris; de hear Kingma, gemeente-siktaris Ban II - 0000 m. Nei de iepening dielt de foarsitter mei, dat punt 15 fan de aginda offiert wurdt. Wethalder mefrou Glas wol nei oanlieding fan in tal fragen dy t steld binne in pear saken noch undersykje. 1. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan 29 augustus 1991 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Ketellapper en wethalder mefrou Glas. De beslutelist wurdt unferoare feststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings 0128 m. 91/102 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma (C-5)De Vries (C-6), wethalder Jansma en de foarsitter. De brief neamd under punt C-5 oan it oanbelangjende aksjekommitee hie net ferstjoerd wurde moatten. 3Utstel oangeande ynfiering WW-boaiem yn de gemeentlike untslachutkearing 0232 m. 91/103 Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezj besluten. 4Utstel oangeande untslach/beneaming amtner boargerlike stan 0240 m. 91/104 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Dijkstra en de foarsitter. De hearen Bijl en Kingma wurde beide mei 13 stimmen beneamd. 5. Utstel oangeande alderskipsferlof 0338 m. 91/105 Sunder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezj besluten. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 15