1/ 1 LEEUWARDERADEEL GEMENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 21e septimber 1991 Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Teitsma, Eisenga, Van der Heide, Dijkstra, Tulner, Van der Ende, De Vries, Van Rijn, Ketellapper en de wethalders mefrou Glas en de hear Jansma. Foarsitter: de hear Bijl, boargemaster Siktaris: de hear Kingma, gemeente-siktaris Ban I 2052 - 2824 m. 1Iepening en 2Ynkommen stikken en meidielings De foarsitter iepent dizze bysundere riedsgearkomste. Hy is bliid dat der in protte publyk oanwezich is en dielt mei dat it publyk nei ofrin fan de gearkomste yn de gelegenheid stelt wurde sil fragen oan de riedsleden te stellen. 3. Utstel oangeande it beskikberstellen fan in kredyt foar it halden fan in tentoanstelling oer de gemeente yn 1992 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Teitsma, Van Rijn, Dijkstra, Boersma, de foarsitter, wethalder Jansma, wethalder Glas en mefrou Visser. Nei't de foarsitter tasein hat dat de yn it utstel neamde f 15.000,it maksimum beskikbere bedrag is, wurdt it utstel mei alge- miene stimmen en sunder haadlike stimming oannommen. De hear Boersma leit noch in stimferklearring of en mefrou Visser is fan betinken dat yn de takomst alle stikken yn begryplike taal stelt wurde moatte. Hjirnei stelt de foarsitter it publyk yn de gelegenheid fragen te stel len oan de riedsleden. Hjirfan wurdt gebruk makke troch de hear Blaauw ut Britsum. Hy is fan betinken dat der yn de doarpen fan Ljouwerteradiel mear byld- zjende keunst komme moat. De leden fan de ried binne it hjir mei iens en troch wethalder Jansma wurdt tasein dat hy hjir oandacht oan skinke sil. 4Sluting De foarsitter slut de gearkomste. Dizze beslutelist is feststeld yn de ritecLsgearkomste fan de 24e oktober 1991, deMktaris, ==>de foarsitter, ingma) (Mr. C. Bijl)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 3