- 4 - Hy hat twifels oer it SGBO-rapportDe effisjinsje-problemen moatte oplost wurde. Deroer is in regionaal kompromis berikt. Syn fraksje gunt dat it foardiel fan de twifel. Foar it behearskjen fan de kosten moat gearwurking plak fine wer't dat yn ridlikheid kin. It jaan fan sybsydzje moat net brukt wurde om as brekizer hantearre te wurden om in prinsipiele stifting de nekke om te draaien. Salang dy ynstellings der sels foar kieze moat gearwurking unbehindere wurde, de f rijheid fan eigen benadering en oanpak ut de ynstellingen wei en de keuze-frijheid fan de klient en fan de klienten-ferwizers Syn fraksje soe graach sjen dat ek it kolleezje-utstel ammendearre wurdt mei dizze klausulearringen en as dat bard is is der gjin beswier tsjin in net frijbliuwende gearwurking. De hear Tulner fynt it spitich dat Madi-Frentsjer net sun wurde wol. Hy freget him of: is der wol kundige lieding. It rapport fan de SGBO makket net grutte yndruk. Hy is fan betinken dat utwreiding socht wurde moat troch in nije direkteur te beneamen. It is wol goed dat der ris nije frjemde eagen oer geane. Hy sil it utstel stypje, mei dizze oantekening. De hear Boersma fynt dat it sa net troch gean kin en moat. Hy is fan betinken dat it utstel te min haldfest jout. It is te frijbliuwend. Syn fraksje fielt net foar it ynfoljen fan in direksjefunksje op dit stuit. Wol akkoart mei utwreiding formaasje. Foar it grut part kin syn fraksje it ammendemint fan de PvdA-fraksje stypje. De voorzitter geeft een korte samenvatting van de verschillende stand- punten. Wethalder Jansma wol net oan Madi-Frentsjer allinne skuld jaan. De ge- meenten ha it sitte litten. It is net goed begelied wurden. Hy nimt it de hear Van der Heide heechst kwea of te sizzen dat hy Frentsjer de skuld jout. Hy wol dat Van der Heide dit werom nimt. It rapport SGBO is yngien op saken wer't de gemeenten wissichheid oer ha woene In tydlike oanstelling liket it kolleezje net goed ta. It utstel fan de hear Van Rijn kin hy him yn fine. Gearwurking tusken de beide madi's is op gong. Hy is him wol bewust dat dit noch better kin. De voorzitter merkt op dat het goed is dat de raad zich realiseert dat we in gemeenschap zitten met 9 andere gemeenten. Kunnen dit als kleine ge— meente moeilijk zelfstandig realiseren. Hij zou het jammer vinden dat we uit het schuitje vallen en een besluit nemen haaks op dat van andere gemeenten. Dit is pas een eerste ronde. Ook past een terughoudende opstelling t.a.v. het stichtingsbestuur Yn twadde ynstansje seit de hear Tulner noch de yndruk te krijen dat twa fraksjes wol fan Hallum of wolle. (De hear Boersma: perfoarst net sein) Oare gemeenten moatte nei syn miening de kosten fan Hallum ek mei betelje. Beide bestjoeren moatte dan besjen of gearwurking/kostenbesparring helle wurde kin. Syn fraksje stipet it utstel fan it kolleezje. De hear Van Rijn is fan betinken dat PvdA en WD graach fan ien fan beide ynstellingen of wol. Se sizze net hokker. (De hear Teitsma: wy wolle goed maatskiplik wurk. Dat is it utgongspunt) Syn fraksje wol fan dizze yntinsje ofstan nimme. Der moat keuzefrijheid weze Hy komt mei in amendemint, dat ynpast wurde kin by punt 4 fan it kolleezje- utstel (untwerp-beslut) en yn de tredde alinea fan it wizigingsutstel fan de P.v.d.A. Dit amendemint haldt yn: - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 7