LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 28 novimber 1991 Oanwezich: mefrou Visser, de hearen Tulner, Dijkstra, Boersma, Van der Ende, De VriesKetellapper, Van Rijn, Van der Heide, Teitsma, Eisenga en wethalder Jansma. Ofwezich: wethalder mefrou Glas. Foarsitterde hear Bijl. Siktaris: de hear Kingma. Ban I 0000 - 1939 m. 1Feststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 24e en de 31e oktober 1991 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser, de hearen Van der Heide, Van Rijn, wethalder Jansma en de foarsitter. Nei oanlieding fan de beide moasjes merkt mefrou Visser op dat dizze beide troch de ried oannommen binne. De foarsitter seit ta dit noch yn it. ferslach op te nimmen. 2Ynkommen stikken en meidielings Hjiroer wurdt it wurd fierd troch mefrou Visser en de hearen Eisenga, Van der Heide en de foarsitter. Nei oanlieding fan punt B3 seit de foarsitter ta dat it OLAF-barren yn de riedskommisje ABZ oan de oarder stelt wurde sil. Op fersyk fan mefrou Visser sil it punt CI yn it minima-belied meinommen wurde Punt C12 wurdt apart behannele. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van der Ende, Van Rijn, Eisenga en de foarsitter. De sprekkers steane net ofwizend tsjinoer in oare rjochtsfoarm foar it OLAF, mar binne ek tige benijd nei de neiere utwurking. 3. Utstel oangeande beneaming ambtner boargerlike stan Mei 12 stimmen foar en 0 stimmen tsjin wurdt de hear Steringa beneamd. 4a. Utstel oangeande plan fan oanpak akkommodaasjeplan en de rekonstruksje fan de kearn fan Stiens Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Ketellapper, De Vries, Boersma, Tulner, Eisenga en de foarsitter. De hear Ketellapper is tsjin it utstel. Hy wol graach in oare oanpak. De hear Eisenga pleitet foar in brede ynspraak; wylst alle sprekkers muoite ha mei de plannen fan de folkstunen. Ban I 1939 - 2722 m. Nei in koarte underbrekking komme wer de hearen Eisenga, Tulner, Boersma, De Vries, Ketellapper en de foarsitter oan it wurd. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1991 | | pagina 4