I HI LEEUWARDERADEEL §fjg| GEMEENTE Agindapunt 7 Foars telnr92/26 UnderwerpStiens, 19 maart 1992. F§ststelling nij rampeplan Oan de gemeenteried Op 29 septimber 1983 waard troch jimme ried in gemeentlik rampeplan f§ststeld. Ta it dtfieren d§rfan binne troch ds kolleezje in tal rampebestridingsplan- nen opsteld. Nei't ien en oar opsteld wie hat der in skaalfergrutting west fan de helpferlieningsorganisaasj eslyk as polysje en branwacht. De wetjouwing op it mid fan rampen en it bestriden derfan is ek feroare. Mei it each op dy feroare wetjouwing is it needsaaklik om in nij rampeplan fest te stellen of it besteande oan te passen. De skaalfergrutting fan de helpferlieningsorganisaasjesbenammen de branwachtmakket it needsaaklik dat de gemeenten yn it fersoargingsgebiet identike plannen feststelle. Dir is yn it gebiet fan de Regionale Brinwacht Noard-Fryslan in kommisje ynsteld mei de opdracht om in model-rampeplan dt te bringen. Oan dy opdracht is foldien. It opstelde model hat dnderwilens in brede ynspraakproseduere efter de rich Ut de regio wei wurdt der op oanstien om it op grdn fan de dtspraak oanpaste model oer te nimmen en foar de oankommende moanne maaie ta feststelling derfan oer te gean. Wy slaan jimme foar dir ta te besluten. De kommisje ABZ kin him mei dat foarstel ferienigje. Fierder wolle wy j imme noch witte litte dat de Regionale Branwacht Noard- Fryslan op koarte termyn ds kolleezje ek advisearje sil oer de yn dizze gemeente op te stellen rampebestridingsplannen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 20