GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt3 Foarstelnr. 92/22 UnderwerpStiens, 19 maart 1992 tariedingsbesltit bestimmingsplan Stiens-doarp (bouplan Verhaar) Oan de gemeenterie Ferline j ier joegen wy oan de hear Verhaar in boufergunning foar it ferbouwen fan syn wenning oan de Aldldnsdyk 10 te Stiens. De buorman fan de hear Verhaar, de hear Holwerda, tsjinne der in beswiers- krift tsjin yn. Yn it ramt fan de wet AROB moat it kolleezje yn sa'n gefal de bouoanfraach alhiel op'e nij besjen, wilens der rekken holden wurde moat mei de beswie- ren fan belanghawwende By it neigean fan de oanfraach die bliken dat it bouplan yn striid wie mei it bestimmingsplan: de ferbouwing kaam tit foar de grins fan it bebouwings- flak. De yntsjinne beswieren wienen lykwols net sa dat de boufergunning ddrtroch yn in oar ljocht kaam te stean. Omdat der foar de hear Verhaar gj in reden wie om it bouplan net tit te fieren - hy wie ommers yn it besit fan in boufergunning en dat besltit wie net dngedien makke - is dat bouplan yn dy tiid wol al realisearre. De aard en titwurking fan it bouplan yn de praktyk yn acht nommen, fine wy in oanpassing fan it bestimmingsplan op it punt fan de bebouwingsgrins planologysk sjoen sdnder mear ferantwurde. Yn dat ferban wurdt foarslein de art. 19-proseduere foar dat bouplan te fieren. As basis derfoar kin in tariedingsbesltit jilde. Wy slaan jimme foar om oer te gean ta it nimmen fan dat besliit en de fierdere ofhanneling fan de proseduere oan tis kolleezje oer te litten. De stikken lizze op besjen yn'e sldf. Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 9