De argyfkelder jout romte foar de opslach fan (orizjinele) materialen fan de Dokumintaasjestichting. It riedplachtsjen fan dy materialen moat yn oerlis gean mei de 6fdie- ling "Ynterne Saken" Bliuwt as leste oer it finansjele fersyk fan de Dokumintaasjestichting. De Dokumintaasjestichting freget foar de jierren 1992 en 1993 in gemeentlike bydrage fan resp. 10.685,-- en 11.935,--. De oeren dat de Dokumintaasjestichting de bibleteek ynhiert binne d§r ek by. De Dokumintaasjestichting sjocbt de bibleteek as in wichtige skeakel by it opsetten en byhilden fan in registraasjesysteem. Wy binne fan miening dat oan dat liste fersyk beheinings steld wurde moatte Wy sjogge gjin mooglikheden foar de frege bydrage (n). Benammen de bibleteekoeren foarmje dir in wicbticb Dnderdiel fan. Wy pleitsje der foar dy oeren nei in alternatyf te sykjen. Wy binne reewillich om de Dokumintaasjestichting in twaliddige sub- sydzje ta te kennen: a. in ynvestearringssubsydzje fan 3.500,--; foar it oantugen en ien kear 6f te skriuwen fan de ynventaris. b. in strukturele eksploitaasjesubsydzje fan op syn meast 2.000,--. Foar de reaksjes fan de Riedskommisjes Wolwezen en Algemiene en Bestjoerlike Saken ferwize wy nei de ferslaggen fan dy kommisjegearkom- sten dy't op besjen lizze yn de riedssldf. Wy stellen jimme foar om mei boppesteande yn te stimmen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 27