LEEUWARDERADEa GEMEENTE Agindapunt: 12. Utstelnr.: 92/43 Stiens, 15 april 1992 Underwerpoanpassing ferpachtings- betingsten merke Oan de gemeenterie Sa't jinraie witte sil op 12, 13 en 14 juny o.s. de jierlikse merke yn Stiens holden wurde. Ut it ferpachtsjen hat bliken dien dat troch Cl.o. konkurrinsje, der't de ynskriuwprizen troch opdreaun wurde, de animo wat eftertit giet. Wy hawwe sadwaande G.o. besluten in mearjierrich kontrakt 6f te sluten mei in autoscooter-exploitant om sa in "basis" te kre&arjen dy't it ek foar oare eksploitanten oantrekliker makket om yn te skriuwen. De l§ste j ierren is ek nei foaren kommen dat sawol it opbouwen as de draaitiden argewaasje jouwe. Lyk as yn de gemeentlike ferpachtingsbetingsten stiet, wurdt it merketerrein foar it trochgeande ferkear Sfsluten op de tongersdeis foar de earste merkedei om 16.00 oere (art. 13). De praktyk hat 6twiisd dat ferskate eksploitanten it hast net foarinoar krije om alles yn sa'n koart tiidsbestek op te bouwen. Wy stelle j imme foar om ta te stean dat it opbouwen om 10.00 oere moarns begjint. Dan kinne de winkels earst noch befoarriede wurde. Yn art. 13 is ek oanjdn dat it Sfbrekken en 6ffieren fan de ynrjoch- tings foar 22.00 oere jQns fan de twadde merkedei ferbean is. Dat moat w§ze: Op'e tredde merkedei. Fierder stiet ek noch yn art. 13 dat op snein de merke om 15.00 oere begjinne mei. De l§ste jierren wurdt it ferlet om wat earder te begjinnen hyltiten grutter. Om noch in ridlike draaidei te krijen stelle wy foar om de merke om 13.00 oere dt ein sette te litten. Wy stelle jimme foar om de ferpachtingsbetingsten oan te passen. De stikken oangeande dy saak lizze foar jimme op besjen. Boargemaster en wethSlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 35