LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 26 maart 1992. Oanwizich mefrou Visser en de hearen Teitsma, Eisenga, van der Heide, Dijkstra, Tulner, van der Ende, Boersma, de Vries, van Rijn en de wethalders Jansma en mefrou Glas Foarsitter: de hear mr. C. Bijl Siktaris de hear J.J. Kingma Mei kundskip Qfwizich: de hear Ketellapper. Ban I - 0000 m. Fdststelline fan de beslutelist fan de gearkomste fan 27 febrewaris 1992. De hearen Boersma en Dijkstra merke op dat op de liste side by punt 8 nei V.V.D. it wurd "tsjin" weifallen is. Mei dizze korreksje wurdt de beslutelist dnferoare fdststeld. Ynkommen stikken en meidielings. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Rijn (C-6), Dijkstra (C-2 en 6), Boersma (C-3 en 14), van der Heide (C-2, 8 en 9)mefrou Visser (C- 14), wethalder Jansma en mefrou Glas. Tasein wurdt it fersyk fan CAD-Frysltn noch ris te besjen. It fersyk om in bydrage troch de VBV sil op'e nij yn de rie brocht wurde foar in definitive beslissing. Oan de oerldst fan de famylje Dijkman troch it bedriuw Bos sil in ein makke wurde. Dit komt mei koarten yn D.O.W. oan de oarder. De Under C-8 neamde kwestje wurdt bepraat yn VFG-ferban. De takomst fan Westergo Bedrijven sil yn de kommisje Wolwizen oan de oarder steld wurde. It skriuwen fan de Stichting Robin Mankind komt yn behanneling by de kommisje Gntwikkelingsgearwurking. De hear Tulner freget wat "in behanneling" betsjut. De foarsitter jout in dtiensetting oer it systeem dat folge wurdt. Op dit soarte saken wurdt werom kommen. Feststeld belied wurdt allinne feroare as de rie der ta besldt. De hear van Riin lest in ferklearring foar fan syn fraksje oer de posysje fan de hear Ketellapper. Utstel oangeande tariedingsbeslut bestimmingsnlan Stiens-doarn (bouplan Verhaar) 92/22 0769 m. De hear Teitsma wol graach ris prate oer it tal tariedingsbesluten. Hy freget him of oft de gemeente hjir wol goed oan docht. De foarsitter seit in notysje ta dy't yn D.O.W. oan de oarder komt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 3