LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Agindapunt3 Utstelnr.92/34 Stiens, 15 april 1992 Underwerptariedingsbesldt bestinuningsplan Stiens-doarp (part)dtwreiding loads mdne De Hoop Oan de gemeenterie Mdne De Hoop B.V. te Stiens hat in oanfraach om boufergunning yntsjinne foar it dtwreidzjen fan de loads neist de mdne yn Stiens. By it raeitsjen fan de werbouplannen fan de Sfbrande mdne is ek it produksjeproses besjoen. D§rby hat bliken dien dat de produksjeline fierder rasjonalisearre wurde kin. Yn de Side sitewaasje krigen it himmelproses en it mingen har beslach op de earste souder. It ferpleatsen fan dat proses nei de loads hat fan gefolgen dat der net allinnich effisjinter wurke wurde kin om't it proses dan folslein kompjdterstjoerd weze sil, mar dat ek foar de mealders de wurksitewaas- je der gdns op foardt giet om't dirtroch yn'e mdne mear romte komt om te wurkjen. Wurdt de loads wat de oerflakte oangiet fergruttedan komt der ek mear romte om it sekkeguod op te slaan. It bestimmingsplan Stiens-doarp wiist dt dat de loads ynklusyf de dtwreiding foar in part op grdn komt te stean dy't ornearre is foar swimbaddoelen It ferlienen fan de boufergunning is op koarte termyn dan ek allinnich mar mooglik fia tapassing fan de art. 19 proseduere. As basis d§rfoar kin in tariedingsbesldt jilde en wy dogge jimme hjirby it dtstel dat te nimmen. Tagelyk stelle wy jimme foar ds kolleezje te machtigjen ta it Sfhanneljen fan de fierdere proseduere. De stikken oangeande dat punt lizze foar j imme op besjen yn de rieds- sldf Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 9