Rekken hildend mei dy gemeentlike bydrage komt it tekoart op 470.516,--. 0m dat tekoart oan te suverjen sille ferskate fdnsen oanskreaun wurde. Derneist moat rekken holden wurde mei in bedrach fan 100.000,-- dat de tsjerkfadij beskikber stelt foar de kosten dy't net subsidiabel binne, d§r't 50.000,-- fan ornearre is foar it stek en de poarte en 50.000,-- foar de tsjerke. De gemeentlike bydrage fan 300.000,-- sil yn twa terminen litbetelle wurde, t.w.: it le termyn yn 1993 en it 2e termyn yn 1994. As liste stelle wy jimme foar om foar dit doel in bedrach fan 159.484,-- beskikber te stellen en yn dit gefal te beskikken oer de reserve monuminten. Omdat dy reserve, mei de rinte derby oer de jierren 1993 en 1994, in bedrach fan 297.221,-- opleveret, sil ek nochris foar in bedrach fan 2.779,-- beskikt wurde moatte oer de post "eenmalige middelen" De ryksbudzjetten sille litbetelle wurde yn it jier dat dy Ontfongen wurde, sadat der gjin sprake is fan foarfinansieringsrinte Oer it stek, de poarte en de neiste omkriten fan de tsjerke sille wy noch prate mei de tsjerkfddij en dat los fan de restauraasje fierder titwurkje, ien en oar yn it ramt fan de doarpsfernijing yn Britsum. Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 20