12Utstel oangeande oannassing fernachtingsbetingsten merke 92/43 1515 m. SUnder diskusje en haadlike stimming wurdt neffens it Utstel fan it kolleezje besluten. 13Utstel oangeande maitiidsnotvsie 1992 92/44 1520 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Van Rijn, Van der Ende, Tulner, Dijkstra, Teitsma en de foarsitter. De hear Van Riin seit yn prinsipe ynstimme te kinnen mei in ferhe- ging fan de 0GB mei 5%. Mar dan wol earst goed besjen (ynspan- ningskreativiteit) hoefolle der besunige wurde kin. Hy freget oft der noch wol rek is foar gruttere effisjinsje by de siktary. Bliuwe de lesten foar it akkommodaasjebelied binnen de marges? It wolw§zensprogram sit troch elkoar rekkene mear as 2% heger. Hy wiist op de Utstellen fan syn fraksje oangeande dizze sektor. Mei de Utstellen sa't dy neamt binne Under 1, 2, 3, 5 en 6 kin syn fraksje akkoart gean. Punt 4 is ek akkoart. Wol in brief stjoere en wize op de ferant- wurdlikheit fan de betreffende boargers. Wat punt 7 oanbelanget wol syn fraksje festhUlde oan in stiging fan 2%. D§rneist de algemiene besuniging tapasse. Ek tinke oan nij foar aid belied. Graach in oersjoch fan de hichte fan de Utjeften fan oare gemeenten foar dit doel. De hear Van der Ende kin akkoart gean mei de punten 1, 2, 5 en 6. Oangeande punt 3 sil syn fraksje him kritysk opstelle. Earst safolle mooglik besunigje. It Utstel oangeande de belestingen (punt 4) kin foar in part net mei ynstimt wurde. Net akkoart mei it foarnimmen om gjin oanslagen mear te stjoeren. Wat punt 7 oanbelanget freget hy him 6f oft it maksimum sa langsa- merhdn net berikt is. Wurdt der wol effisjent wurke? Punt 8 is ek akkoart. Wol ferwachtet syn fraksje in Utiensetting oer de fusy Frigem - EGD. De hear Diikstra wiist der op dat syn fraksje fraachtekens pleatst hat by it mearj ierrenynfestearingsprogram. Wat de kosten fan it DPO oanbelanget, wat net nedich is, trochskowe Oer Westergo moat noch ris praat wurde yn de kommisje. Hoe ferhalde de kosten fan sykte har mei lannelike sifers en wat wurdt der oan dien om dizze kosten sa leech mooglik te hSlden. De helte fan it bedrach foar Unfersjoen is no al op. Foar it opfangen fan tekoarten foar 1993 en 1994 moat net foar besunigin- gen fuortrUn wurde. De lesten foar de boargers moatte net heger. Syn fraksje kin akkoart gean mei de Utstellen neamt Under 1, 2, 5 en 6. Dit l§ste nei dat de bestimmingsplannen oanpast binne en de art. 19-prosedueres net folle mear tapast hoeve te wurden. Mei de dekking neamt Under a. en b. (punt 3) kin ynstimt wurde. Mei c kin syn fraksje op foarhdn net akkoart gean. Ek net akkoart mei it net ferstjoeren fan oanslagen. 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 7