LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 8 Agindapunt 8 Foarstelnd.92/59. Stiens, 5 juny 1992 Underwern Jierferslach BUGM 1991 Oan de gemeenteried Yn maart waard it Qntwerpferslach oer 1991 fan de BUGM-taken foar advys oan de Ynspeksje MiljeuhygiSne foarlein. Dat advys hawwe wy wyls krigen. De Ynspeksje makket yn har advys in pear opmerkings oer de opjefte fan it tal besette formaasjeplakken foar 1992 en de plande en realisearre ynspan- nings oer 1991/1992. Ut de sifers docht nammentlik bliken dat wy yn 1991 in lytse efterstUn oprUn hawwe, dy't yn de planning foar 1992 net weiwurke wurdt. Om te foldwaan oan it advys fan de Ynspeksje binne de sifers yn de planning foar 1992 wat oanpast. Foar de feitlike dtfiering fan it programma fan 1992 is dat fierders net fan wdzentlik belang. De opjeften fan it plande tal formaasj eplakken oer 1992 wienen basearre op de earste planning At 1989. Dat is yndied net goed. De sifers binne dirom ek oanpast. De berekkening komt no ek oerien mei itjinge dat yn'e opjefte foar de saneamde VROM-jilden stiet. Foar 1992 stiet de Sfhanneling fan de hiele bedriuwstdke feehdlderij pland. Troch in stazjdre fan de Folkshegeskoalle "Allardsoog" yn dit projekt te beheljen, kin dat nei alle gedachten ek realisearre wurde. Ddrmei sil dan it tal Qfhannele meldings yn 1992 grutter w§ze as de planning oanjout. De ynspeksje komt yn har reaksje ek ta dy konkldzje. It neffens de opmerkings fan de Ynspeksje oanpaste ferslachformulier kin no fgststeld wurde. Nei fdststelling kin it tastjoerd wurde oan it Ministearje fan VROM. De Ynspeksje kriget in kopy fan it ferslach. Wy stelle jimme foar it ferslach no f§st te stellen. Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 16