8 LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Agindapunt 8. Foarstelnd.92/ 74. UnderwerpStiens, 19 augustus 1992 ferljochting en needferljochting sporthal te Stiens Oan de gemeenteried Ferli ochting Ut mjittingen hat bliken dien dat de yntinsivens fan de ferljochting fan de sporthal net optimaal mear is. De buizen binne oan ferfanging ta. De armaturen fan de hal binne al 17 jier aid. In kontrSle hat no definityf dtwiisd dat ferfanging needsaaklik is. Socht is nei in soarte armatuer dy't gaadlik is en tagelyk in positive bydrage leverje kin oan it enerzjyferbrttk. It giet hjir om saneamde TL-armatueren mei in heech rendemint. Troch de kombinaasje fan spegeloptykarmatueren en heech frekwinte TL-lampen en foarskeakelapparaten kin 25% en somstiden sels oant 50% enerzjy op de ferljochting besparre wurde. Yn ds sitewaasje soe dat delkomme op in selde tal armatueren, mar it tal lampen kin werombrocht wurde fan 375 nei 194. It ferljochtingsnivo feroaret sa net. D§r komt by dat it PEB foar elke armatuer noch in subsydzje fan 150,-- jout. Ut de stikken docht bliken dat meiinnoar yn rUne sifers 40.000,-- ynvestearre wurde moat; d§rby is rekkene op in subsydzje fan it PEB fan 8.500,--. Dy ynvestearring Qfsetten tsjin de legere enerzjykosten sil it earste jier al in budzjetter foardiel opleverje fan 4.155,--. Needferli ochting De need/transparantferljochting fan de hal docht it net mear. Kontrole hat utwiisd dat de sintrale akku's it nei 17 jier oerjdn hawwe.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 25