LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 25 juny 1992. Oanwezich: mefrou Visser en de hearen Teitsma, Eisenga, van der Heide, Dijkstra, Tulner, van der Ende, Boersma, de Vries, van Rijn, Ketellapper en de wethalders Jansma en mefrou Glas. Foarsitterde hear mr. C. Bijl Siktaris de hear J.J. Kingma Ban II - 0000 m. 1Ynkommen stikken en meidielings De foarsitter stelt ut by punt lb ek te beheljen punt 12 fan de aginda foar 2 july o.s. It wurd wurdt fierd troch de hearen Dijkstra (la, lb en 12), Boersma (lb en 12), Teitsma (lb en 12), de Vries (lb en 12), de foarsitter en wethalder mefrou Glas. Mei de nije rjochtsfoarm kin oer it algemien ynstimt wurde. Ferskillend wurdt tocht oer de opbou fan in bedriuwsreserve Utsundere de hear de Vries, ha de sprekkers grutte problemen mei de be- grutting fan it OLAF foar 1993. De hear Teitsma mist in utstel om de AVI net wer te iepenjen. 2Utstel oangeande mearjierrenprogramma Monuminten 0641 m. 92/54 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Rijn, Teitsma en wet halder mefrou Glas. Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje be- sluten. 3. Utstel oangeande plan fan oanpak 2e fase 0736 m. 92/55 Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen van Rijn, Ketellapper, van der Ende, Tulner, Eisenga en de foarsitter. De hear van Rijn dielt mei, dat syn fraksje net in ienriedich stan- punt ynnimt. De minderheid fynt de ynfestearrings te heech. Dy wol graach utstel en undersyk nei fermindering en fasearring. De mear- derheid kin yn grutte linen mei de utstellen ynstimme. Wol moat der socht wurde nei romte foar besuniging. Is bygelyks in 4e sportfjild needsaaklik; it kredyt net te boppe gean, dan besunigje op oare saken. De diskusje yn de fraksje oer in iepenloftbad jout oanlieding ta twa mieningen. Ien der fan is: wez fersichtig, nim wat gas werom en be- sjoch dit noch ris. - 2 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 4