8 LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Agindapunt: 8. FoarstelnD.92/ 125. Stiens, 9 desimber 1992 Underwerp titwreiding jachthaven te Britsum Oan de gemeenteried Hj irby ynformearj e wy j imme oer it plan om de j achthaven te Britsum tit te wreidzjen. Dy titwreiding sil bestean tit it oanlizzen fan in havenkom bewesten fan de besteande haven. Yn de kom sille in tal lisplakken makke wurde foar lytse en wat gruttere boaten. Demeist kin de westlike wal brdkt wurde foar it oanlizzen fan de grutte boaten. It bestjoer fan de wettersportferiening "De Klompschippers" te Britsum hat in pear jier lyn al plannen om tit te wreidzj en by lis kolleezje yntsj inne De besteande haven dy't yn de opfeart nei de Stienzerfeart leit is al in jier of wat mear as fol, net maklik yn te farren en de fasiliteiten binne beheind. It no foarstelde plan jout in bettere tagong ta it gehiel en de mooglikheid ta it bouwen fan in berging en in tal sanitere romten. De titwreiding fan de haven stiet al in pear jier op it mearjierreplan fan de gemeentlike begrutting. De plannen kinne no pas titfierd wurde omdat koartlyn oerienstimming berikt is mei de twa eigners fan de neistlizzende grtln oer it ferkeapjen fan de grtin dy't foar dy titwrei ding nedich is. As jimme ynstimme kinne mei de neamde titwreiding wolle wy jimme foarstelle tagelyk in stripe wetter oan te keapjen dy't no noch fan de Klompschippers is en diel titmakket fan de opfeart. De folsleine havenkom komt dan yn it besit fan de gemeente. De kosten fan de totale titwreiding wurde neffens de stikken dy't op besjen lizze, rflsd op 190.000,-- ynkl. de winningskosten. Dy skatting is basearre op it feit dat de frijkommende grOn takom maitiid noch maklik en foardielich ferwurke wurde kin yn it noch tit te fieren ruilferkavelingswurk. De wettersportferiening kin yn dy kosten in eigen bydrage leverje fan 25.000,--. Omdat de leden by it bouwen fan de berging en de toiletakkomodaasjes sels meihelpe sille wurdt ek noch fiks besparre. Foar de middels dy't noch Ontbrekke stelle wy jimme foar in kredyt fan 165.000,-- beskikber te stellen, der't 40.000,-- fan trochberekkene wurdt yn de jierlikse hier.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 25