12 LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Agindapunt: 12 FoarstelnD. 92/129 Stiens, 10 desimber 1992 Underwerp ferkearsmaatregel foar de ferkears- feiligens oerstek It Noarderfjild/ Lysterbeipaad Oan de gemeenterled Foar de bem dy't nei de nije iepenbiere skoalle "de Jint" oan de Plataanstrjitte yn Stiens geane binne yn oparbeidzjen mei it Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeiligens yn Frysltn, de pleatslike polysje en de meisizzenskipsried fan de skoalle in tal mooglikheden Ondersocht om de wei nei skoalle feiliger te meitsjen. Neidat in stikmannich mooglike oplossings op't papier setten, trochpra- ten en hifke binne, komt dddlik nei foaren dat it personiel fan de skoalle de feiligens fan it oerstekplak foar fytsers en fuotgongers op it Noarderfjild it alderwichtichste fynt. De foarstelde maatregel om it oerstekken fan de fytsers en fuotgongers feiliger te meitsjen bestiet tit in bermsplitsing, sadat de "oerstek- kers" de haaddyk yn twa kear oerstekke kinne. De middenlieder is sa breed makke dat der plak is foar de fytsers om te wachtsj en Foar de feiligens fan de "rjochttrochgeande" fytsers op it Noarderfjild is in aparte stripe kreSarreskieden fan de haaddyk troch in ferhege lieder. Troch dy lieders mei fertikale eleminten en in iepenbiere ferljochting werkenber te meitsjen sil net allinnich in feiliger oersteksitewaasje Ontstean, mar mei ek ferwachte wurde dat op de haaddyk wat stadiger riden wurde sil. De oanliskosten fan dy baansplitsing wurde skatten op 53.700,-- ynkl. BTW- Boppeneamd plan is 25 novimber 1.1. mei de sizzenskipsried fan de skoalle besjoen. Nei't ien en oar op skoalle bepraten is hat it waarnimmende haad ferklearre dat hja it iens binne mei dy oplossing. It neamde plan hat agindapunt west op de kommisje D.O.W.-gearkomste fan 9 desimber 1.1. en d§r gong de kommisje akkoard mei de keazen oplossing. Wy stelle j imme foar it nedige kredyt foar it oanbringen fan de baansplitsing yn it Noarderfjild te Stiens beskikber te stellen. Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1992 | | pagina 55