5 .GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt: 5 FoarstelnA: 93/ 50. Stiens, 17 maaie 1993 Underwerp plattegrunkasten Stiens Oan de gemeenteried Yn Stiens is op dit stuit de ferwizing nei strjitten, wiken en gebouwen net mear foldwaande en derom net botte represintatyf Troch de oanhaldende groei fan it haadplak fan Ljouwerteradiel is it foar dnbekenden hyltyd dreger wurden de krekte wei te finen. Om oan dat ferlet te foldwaan is it nedich om de aide plattegrOnpylders te ferfangen troch fiif ferljochte plattegrunkasten mei hjoeddeisk kaartmateriaal Underskate alternativen foar ferfanging fan de aide pylders binne Qnder- socht. De Fa. Vepromark At Ljouwert hat de gemeente in oanbieding dien foar it pleatsen fan fiif ferljochte plattegrdnkasten. It bedriuw fersoarget ek it himmeljen, it Anderhald en it reparearjen fan de kasten. Vepromark soarget der tagelyk foar dat it plattegrdnmateriaal om 'e fjouwer j ier bywurke wurdt Tige needsaaklike korreksjes yn de kaarten wurde earder oanbrocht. Trije fan de fiif kasten kinne fergees pleatst wurde. Dy kinne eksploitear- re wurde ut advertinsje-opbringsten. De oanslAtkosten op it iepenbiere ferljochtingsnet en it leverjen fan de ynformaasje-buorden (Y-buorden) komme wol foar rekken fan de gemeente. D§rby moat ek rekken holden wurde mei de kosten (foar ien kear) fan it tekenjen fan in basisplattegrdn fan Stiens 2.350,-- ekskl. BTW) De oare twa plattegrunkasten kinne hierd wurde troch de gemeente foar in (yndeksearre) bedrach fan 1.600,-- de kast yn 't jier (ynklusyf himmel jen, Anderhald, reparaasje). Yn dy opset kin besletten wurde om de iene kast foar in perioade fan fiif en de oare foar in perioade fan tsien jier te hieren. De gemeente kriget yn de foarstelde opset yn alle fiif kasten advertinsje- romte (7 x 15 sm.Vepromark mei ddrfoaroer ek yn de beide troch de gemeente hierde kasten advertinsjes fan undernimmers pleatse. It is de bedoeling om op lange termyn ta in eksploitaasj e fan alle fiif plattegrOnkasten te kommen, werby 't alle kasten ut advertinsje-opbringsten komme moatte Yn it foarstel is utgien fan fiif plakken foar de nije plattegrOnkasten: - de Uniawei; - de Wythusterwei - de Griene Leane; - de Juckemaleane - de Lege Hearewei/Nije Poarte

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 28