GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist 6. Utstelnumer 93/73 Stiens, 13 july 1993 Underwerp: tariedingsbeslut butengebiet (diels) oanlis fytspaad Haskedyk-Finsterbuorren yn Jelsum. Oan de gemeenterie. Yn it "Fietsplan Stadsgewest Leeuwarden" is underoaren it trasee Ljouwerter bosk - Finsterbuorren opnaam. Yn it ramt fan de oanlis fan it Ljouwerter bosk wurdt it part Jelsumerfeart- Haskedyk utfierd. Wat it part Haskedyk-Finsterbuorren oanbelanget sille wy dat as gemeente yn eigen behear dwaan. Oer de planalogyske kant fan 'e saak moat it neikommende opmurken wurde. It part fan it paad fan 'e Jelsumerfeart of, dat oanslut op 'e Haskedyk wie in underdiel fan 'e planalogyske proseduere fan it Ljouwerter bosk. Dy proseduere is al klear en it wurk wurdt undertusken utfierd. It diel tusken de Haskedyk en 'e Finsterbuorren is noch net op it nivo fan in bestimmingsplan regele. Wy stelle j imme rie ut foar dat trasee op basis fan 'e proseduere foar frijstelling op grun fan kest 19 fan 'e Wet op 'e Rumtlike Oardering ut te fieren en by it nimmen fan it tariedingsbeslut dat derfoar needsaaklik is derneist fest te stellen dat us kolleezje soarch ha sil foar it fierder ofhanneljen fan 'e proseduere. In konsept-beslut giet hjirby. Boargemaster en Wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 19