j GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist 7. Utstelnumer 93/74 Stiens, 13 july 1993 Underwerp subsydzje-oanfraach "Comite Nationaal Vrijheids-carillon" Oan de cremeenterie Wy ha fan it "Comite Nationaal Vrijheidscarillon" in brief krigen oer it fieren fan 5 maaie yn 1995. Dat komitee wol der op ta dat yn 1995 in bysunder tinkteken yn Den Haag delset wurdt om't dan foar de fyftichste kear betocht wurdt dat Nederlan befrijd wurden is. De kosten fan dat tinkteken wurde rusd op in bedrach fan omendeby 3h miljoen. Der sit de kosten fan in funs om it kariljon te bespyljen en te underhalden by yn. Sjoen it bysundere nasjonale karakter fan niisneamd fersyk miene wy dat mei dat fersyk posityf omgien wurde moat. Dat slut oan by it belied dat wy twa kear earder by ferlykbere fersiken fierd ha. Dat wiene fersiken om it eardere kamp yn Westerbork op 'e nij yn te rjochtsjen en fan 'e "Stichting Indie-Monument Friesland" Yn beide boppeneamde gefallen ha wy in bydrage foar ien kear fan in dubeltsje de ynwenner takend. Neist de bydrage ut funsen, it bedriuwslibben en 'e boargers freget it komitee ek in bydrage fan gemeenten. Dy gemeentlike bydrage wurdt steld op in dubeltsje de ynwenner. Derneist hat de riedskommisje A.B.Z. op 17 juny lestlyn sein dat sy har mei dit utstel lykfine kin. Wy stelle j imme derom ut oan it komitee foar ien kear in bedrach fan ofrune f. 1000,(in dubeltsje de ynwenner) bes- kikber te stellen om in frijheidskariljon yn Den Haag del te setten en de lesten te dekken troch te beskikken oer de post "onvoorzien voor eenmalige doeleinden". In konsept-beslut giet hjirby. Boargemaster en Wethalders fan Ljouwerteradiel, de siktaris, de boargemaster, J.J.KINGMA Mr.C.BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 22