8 GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist 8. Utstelnumer 93/75 Stiens 7 july 1993 Underwerp it tydlik utwreidzjen fan it oantal psychologedagen yn it basisunderwiis Oan: de aemeenterie It MSU hat us gemeente op 'e nij frege it oantal saneamde psychologedagen ut te wreidzjen. Goed twa j ier lyn ha se dat ek dien. Jimme rie hat doe, yn oerlis mei de stjoergroep, de regio en de VFG, besletten it oantal dagen foar helpferliening wol ut te wreidzjen mei fiif, mar soks mar te dwaan foar in tiidrek fan trije jier. Mei yngong fan takom jier rint dat kontrakt dus of. It MSU hat lykwols feststeld dat der ek no noch in skriemend ferlet is fan it ferlienen fan psychologyske help yn it ba sisunderwiis, krekt lyk as trije jier tebek. It liket us derom needsaak it oangiene kontrakt mei trije jier te ferlingjen. De lesten kinne dutsen wurde troch te beskikken oer de "G.C.O.-reserve" De kommisje Wolwezen kin har mei it utstel lykfine. In konsept-beslut giet hjirby. Boargemaster en Wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA Mr. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 24