GEMEENTE LEEUWARDERADEEL NCI.: 93/88. De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel; betinkende dat de fuotpaden, dy't hearre ta it stelsel fan fuot- en fytspaden yn de bosk om de wenwyk It Heechhof te Stiens hinne, withoefaak brClkt wurde troch fytsers dat soks yn de praktyk net op ferkearskundige problemen stjit; dat de ferkearsfeiligens op dy paden fersekere wurdt as hja allinnich troch fuotgongers en fytsers brtikt wurde en dat d§rby dy ferkearsdielnimmers net op'e paden komme meie, dy't it karakter en de funksje fan de bosk om de wenwyk It HeechhSf te Stiens oantaaste kinne; dat der oerlis west hat mei de distriktskommandant fan de rykspolysje en dat mei de foarstelde maatregel ynstimd wurdt; sj oen: it foarstel fan boargemaster en wethdlders d.d. 21 septimber 1993; yn acht nommen: de artikels 12 en 20 fan it Besldt administrative bepalings oangeande it ferkear oer de wei; BESLUT: troch it pleatsen fan buorden G13 fan bylage I fan it RW 1990, de bestean- de fuotpaden yn de bosk om de wenwyk it Heechhof te Stiens hinne en sa't dat fierder op de tekening oanjOn stiet dy't by dit besliit heart de status te jaan fan net-ferplichte fytspaad. Sa besletten yn de iepenbiere gearkomste fan 30 septimber 1993. de^iktaris, foarsitter, (J.J .1 Kangma) (Mr. C. Bijl) Op S OKI. 1993 afschriY:t gezonden aan pol. en voor publikatie in Stienser Omroeper.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 22