8 GEMEENTE LEEUWARDERADEEL N Agindapunt 8 FoarstelnG.93/90. Underwern It beantwurdzjen fan de troch de F.N.P.-fraksje stelde fragen oangeande de sloop fan it pantsje Op'e Terp 9 te Jelsum Stiens, 21 septimber 1993 Oan de gemeenterie Op fersyk fan de F.N.P.-fraksje wolle wy jimme hjirby ynformearje oer de folge oanbestegingsproseduere en de sloop fan it pants je Op'e Terp 9 te Jelsum. Yn de gearkomste fan maart 1993 hawwe jimme as ried it doarpsfernijingspro- gramma foar it jier 1993 feststeld en de finansjele middels ta beskikking steld. Underdiel d§rfan wie it wer opbouwen fan it pantsje Op'e Terp 9, d§r't it NIBAG in plan foar opsteld hie. Op 1 april binne de oanbestegingsstikken nei de 4 pleatslike bedriuwen stjoerd; dernei wie op 22 april in oanwiis en Atlis oer it bestek. Op 7 maaie wie de iepenbiere oanbesteging, werby't Fa. de Groot as leechste ynskriuwer mei in ynskriuwsom fan 162.327,19 ekskl. BTW lit de bus kaam. Omdat dat bedrach binnen de yn maart stelde kosteberekkening foel hat lis kolleezje de tsjinst gemeentewurken machtige it wurk op te dragen oan de leechste ynskriuwer. By de opdracht oan de oannimmer is frege om mei de Atfiering te wachtsjen oant it momint dat it oerlis mei de eigner SfrGn wie en de tekeningen oanpast wienen. Oanpassing wie needsaaklik omdat, mei op advys fan de kommisje DOW, de foarkar jun waard oan it wer opbouwen fan it pantsje yn spegelbyld. Yn it bestek en dus yn de oannimsom is de sloop fan it pantsje opnommen. Op 5 july dielt de oannimmer oan it haaf fan buro bousaken mei dat hy swierrichheden hat mei syn sloper. Tusken it momint fan oanbesteging en it momint fan utfiering hat de ilde eigner fan it pan in tal aide estrikken en stientsjes ut it slooppan wiehelle, d§r't de wearde fan it frijkommende sloopoffal troch fermindere weze soe Neist de earder opjdne offertepriis fan 4.000,-- easke de sloper in mearpriis fan 1.000,--.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1993 | | pagina 25