Oan de oare kant in provinsje, dy't wolris tefolle yn detail yngrypt
yn gemeentlike saken en faaks meer oan de gemeenten oerlitte kinne
soe. En rykstsjinstendy't yn Fryslan hiel wat oanrjochtsje
posityf of negatyf, dat litte wy mar yn it midden, mar dy't deroer
net direkt ferantwurdlik binnen foar de Fryske boargers oer.
De provinsje en de Feriening fan Fryske Gemeenten hawwe in plan op
tafel lein om dizze tizeboel te untrafeljen en te kommen ta in ien-
fdldiger, dudliker en doelmjittiger bestjoer.
Wy hoopje op in saaklik debat deroer fan provinsje en gemeenten,
sunder rivaliteit en kompetinsjestriid, mei in posityf resultaat.
Sadat der in dudlik en mienskiplik sicht untstiet op de ferdieling
fan taken en ferantwurdlikheden, op it med fan de offalstoffenfer-
wurking en op alle meden fan bestjoer fan provinsje en gemeenten.
Foarsitter, alle fernijing, ek bestjoerlike fernijing, freget in
positive, enerzjike en optimistische ynstelling. Dy ynstelling is yn
us gemeente folop oanwezich; wy hawwe dat al konstatearreDy
opstelling wurket ek troch yn de untwerp-begrutting 1994. Wy binne
bliid mei in slutende begrutting en mei de geast fan optimisme, dy't
de begrutting utstrielt.
Wy sprekke us wurdearring ut foar it kolleezje en foar de amtners
heech en leech, foar al it wurk, dat hja yn it ofrune jier ferset
hawwe. It is wurk mei sichtber en posityf resultaat.
Wy winskje har, en ek ussels as ried, foar it kommende jier de
rjochte kombinaasje fan optimisme en realisme ta, en derneist
benammen ek in protte wille yn it wurk.
Stiens22 novimber 1993
Ut namme fan de CDA-fraksje
Gerard van Rijn