Foarsitter, achte leden fan de gemeenterie yn Ljouwerteradiel Der binne somtiden fan dy dingen yn in minskelibben dy't oer jo hinne komme; samar ynienen. Sa is 't my gien in goed moanne lyn, doe't 2 leden fan de CDA-fraksje, de hearen J.G.van Rijn en J.de Vries te kennen joegen oan it bestjoer en de leden fan it CDA-ofdieling Ljouwerteradiel dat se de ferantwurdlikens net op barren nimme doarsten om yn in eventuele nije riedsperioade fierder mei my gearwurkje te kinnen/wollen. Dat wurdt dan sein op in ledegearkomste. It bestjoer hie in skoftke foar dy gearkomste -skriftlik- frege oft ik my wer beskikber stelle woe. Ik seach der doe wat frjemd fan op, om 't ik wist dat der in regeling wie om as riedslid fan it CDA nei in x-oantal jierren op te stappen. Mar om 't der it ofrune jier gjin oerlis west hie mei bestjoer en fraksjeleden en ik dus ek net wist wat de fierdere plannen wiene -sjoen de neamde regeling soene der 3 fan 'e 4 fraksjeleden utgean- haw ik my wol beskikber steld foar in nije perioade. As men dan op in ledegearkomste heard hoe 't 2 leden fan de rieds- fraksje oer my tinke... en as letter blykt dat it bestjoer hjirfan op 'e hichte wie, dan is der foar my in doar ticht dien. Ik doch hjirby oan de foarsitter fan de rie en oan de riedsleden te witten dat ik fan no of oan net mear die! utmeitsje sil fan de CDA-fraksje yn it stikje fan dizze riedsperioade dat noch foar us leit de kommende moannen. De riedsleden, -lokkich binne de measten noch yn funksje-, hawwe yn grutte mearderheid my doedestiids keazen foar dizze perioade. Foar my is dat dan ek de reden dat ik de kommende moannen -hooplik yn sunens- oanbliuw. Dat wie de ferklearring dy 't ik utsprekke woe yn 'e riedsgearkomste fan 10 jannewaris 1994.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 6