10 H GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt 10 Foarstelnd.94/20. Stiens, 16 febrewaarje 1994 Underwerp ferkearsbesldt spoardyk Hijum Oan de gemeenteried De paden op de besteande spoarbaan en de oanslutingen d§rop fan It Ekersein en de Popkereed binne no foar alle ferkear iepensteld. It probleem d§rby is dat it net-winske ferkear as bromfytsen en oar motorisearre ferkear gebrtik meitsje fan dy paden. Sadwaande is de sitewaasje yn Hijum besjoen en bepraten yn ferliking ta de ombou fan fuotpaden yn net-ferplichte fytspaden sa't dat yn de bosk fan It Heechhof it gefal west hat. Doelstelling fan it oanwizen fan de spoardyk as net-ferplichte fytspaad is, dat it kearen fan motorisearre ferkear it miljeu op en om dat plak hinne te'n goede komt. Fierder wurdt de troch it ferkear feroarsake oantaasting fan it karakter of de funksje fan it gebiet foarkommen of beheind. Foar publikaasjes fan it te nimmen ferkearsbesldt leveren gjin reaksjes op en At it oerlis mei de distriktskommandant fan polysje die bliken dat der fan har kant gjin beswieren wienen. De kommisje D.O.W. giet ek akkoart. Wy stellen j imme foar om oer te gean ta it nimmen fan it ferkearsbesltit sa't dat yn konsept tafoege is. Boargemaster en wethdlders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 24