13 GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt3 Foarstelntimer94/ 23. Stiens, 16 febrewaarje 1994 Underwerp oanpassing oardering regeljende de taken en it foech fan de sportkommisje Oan de gemeenteried Sdnt de jierren '70 fungearret yn dizze gemeente in sportkommisjebel§ste mei it behertigjen fan de belangen fan de sport yn'e gemeente en it behear fan de yn de gemeente oanw§zige sportakkommodaasjes It giet hjir om in kommisje dy't destiids ynsteld is op grtin fan artikel 61 fan de gemeentewet, der't jimme ried en As kolleezje foech oan opdroegen hawwe Yn de foarige sittingsperioade fan j imme ried is al omtinken jdn oan de fraach oft it winsklik is om de taken en it foech fan dy sportkommisje oan te passen. D§r binne gjin konkrete besluten At fuort kommen. Not resint besletten is ta de bou en oanlis fan nije sportakkommodaasj es c.q. it dtwreidzjen of ferpleatsen fan de besteande akkommodaasjes nei It Gryn, is op'e nij in diskusje Ontstien oer de posysje fan de sportkommisje Nei oanlieding fan dy diskusje binne wy ta it einbesldt kommen dat it in goed ding wize soe om it behear fan de akkommodaasj es wer yn eigen han te nimmen. It giet hjir om technyske- en finansjele saken dy't sa nau ferbtin binne mei it hiele gemeentlike barren, dat dy har net langer liene foar behear troch in funksjonele kommisje. Itselde jildt foar de oanstelling fan (koart) personiel. Wy tekenje dirby oan dat feitlik troch de praktyk fan de dfrdne jierren op grtin fan it budzjetrjocht fan jimme ried en ds ferantwurdlikheid oangeande de foarstellen deroer, in grut part fan it foech fan de kommisje al weromnommen is Op grdn fan de besteande regleminten is de sportkommisje lykwols noch altyd formeel mei-ferantwurdlik foar de besldtfoarming oangeande de taken dy't har opdroegen binne. Wy binne fan betinken dat it winsklik is om de behearstaken dy't de sportkommisje no hat, werom te nimmen en wat dat oangiet de sportkommisje om te foarmjen ta in advyskommisje De praktyk fan de leste jierren feroaret der net troch, mar wurdt allinnich formeel fest lein.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 29