De kommisje kriget d§r ek mear earmslach troch en kin by it titbringen fan har advizen frijer it oardiel fan "de sport" nei foaren bringe, om't hja formeel net mear behindere is troch formele ferantwurdlikheden oangean- de it behear. It ferhieren fan de akkommodaasj es is foar it grutste part in jierlikse ienkearige oangelegenheid, werfan't de dtkomsten yn grutte halen deselde binne as it foarofgeande jier. Insidinteel ferhier wurdt amtlik dfhannele. Neffens ds bestiet der gj in ferlet om foar dy aktiviteit in funksjonele kommisje yn stdn te halden. Dat foech kin op'e nij by ds kolleezje brocht wurde. Der moat lykwols ek it advys fan de (nije) sportkommisj e oer ynwdn wurde Wy stelle j imme foar om de behearstaken fan de sportkommisje werom te nimmen troch de status dy't de kommisje no noch hat (kommisje eks art. 61, lid 1) op te heffen en de kommisje om te foarmjen ta in advyskommisje op grdn fan artikel 91 fan de gemeentewet (foarhinne artikel 62, lid 2 fan de gemeentewet) Wat de gearstalling fan taken en foech fan dy nije kommisje oanbelanget, meie wy jimme ferwize nei it dntwerp-besldt dat op besjen leit. Wy stelle jimme foar neffens dat dntwerp in besldt te nimmen. De sportkommisje dy't der no is, hat yn mearderheid muoite mei in posityf advys. De kommisje is fan oardiel dat hja net advisearje kinne/meie om wat yn te leverjen fan it har takommend foech. In grutte mearderheid fynt wol, dat it oan de nije ried is om op'e nij de regels fist te stellen oangeande taak/foech fan de dan te beneamen kommis je- Wy binne fan betinken dat de no sittende ried d§r noch in besldt oer nimme moat, dat dan op 12 april oansteande yngean moat. De kommisje Algemiene en Bestjoerlike Saken hat in skoftke lyn dtsprutsen har mei it boppesteande ferienje te kinnen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 30