1 tY GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Beslutelist fan de riedsgearkomste fan 12 april 1994 Oanwezich: de hearen Ketellapper, Lageweg, Ekas, Jansma, Admiraal, Klaassens, mefrou Glas, de hearen Van Rijn, De Vries, Dijkstra, Bijlsma, Boersma en Poortinga. foarsitter: de hear Mr. C. Bijl siktaris: de hear J.J. Kingma Ban I - 0240 m 1. Beediqinq fan de beneamde riedsleden De leden lizze yn hannen fan de foarsitter de foarskreaune eed of belofte of yn it Frysk of it Nederlans. 2. Ferkiezinq fan de wethalders 0383m Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Bijlsma, Lageweg, Klaassens en Dijkstra. De hear Bijlsma dielt mei dat syn fraksje de kandidatuer fan de beide sittende wethalders net stypje kin. De hear Lageweg stelt de hear Jansma kandidaat en de hear Klaassens mefrou Glas. De hear Dijkstra stelt de leden Bijlsma en Poortinga kandidaat. De utslach fan de stimming is: mefrou Glas 10 stimmen, de hear Jansma 8, de hear Bijlsma 5 en de hear Poortinga 3. Mefrou Glas en de hear Jansma nimme har beneaming oan. 3. Oanwizing fan de sitplakken fan de leden fan de rie De foarsitter wiist de plakken oan. PvdA, FNP en D'66 lofts en CDA, WD en Gemeentebelangen rjochts. 4. Utstel oanqeande it beneamen fan leden en piakferfanqende leden yn de riedskommisje "Algemiene en Best.ioerlike Saken". "Doarpsuntwikkel inq en Iepenbiere Wurken" en "Wolwezen" 94/40 Mei algemiene stimmen wurde beneamd ta lid yn de riedskommisje Algemiene en Bestjoerlike Saken de hearen Lageweg, Admiraal, De Vries, Boersma, Poortinga en Dijkstra. Ta piakferfangende leden de hearen Ketellapper, Van Rijn, Bijlsma en Klaassens. Mei algemiene stimmen wurde beneamd ta lid yn de riedskommisje Doarpsuntwikkeling en Iepenbiere Wurken de hearen Ketellapper, De Vries, Boersma, Poortinga, Bijlsma en Admiraal.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 3