GEMEENTE 3 LEEUWARDERADEEL Punt fan 'e Wurklist: 3. UtstelnQmer: 94/62 Stiens, 22 juny 1994 Underwern tariedingsbesldt Stiens-doarp (diels) bouplan BWL jongereinhdsfesting lokaasje PJ-Hof. Oan de gemeenterie De wenningstichting BWL hat in bouplan dntwikkele foar in lokaasje yn 'e doarpskearn fan Stiens. It giet derby om 'e bou fan in tolftal wenten, dy t spesjaal bedoeld binne foar hdsfesting foar de jongerein. De wennings tsjinje feitlik as ferfanging fan 'e bejaardewenten yn it gebiet efter de branwarkazerne en it gebou fan 'e WIL. De wennings foldogge net mear oan e kwaliteiten dy't oan bejaardewenten steld wurde en wurde yn 'e praktyk oan 'e jongerein tawiisd. De Gntwikkelings yn dat diel fan it sintrum fan Stiens hawwe ta gefolch han dat in renovaasjeprogranraia in oantal jierren lyn net trochgien is. Yn it gebiet is oan in tal funksjes oandacht bestege: it Griene Krdsgebou, de bibleteek, in nij gebou foar it Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelie- ding en it multifunksjoneel gebou. Mei it feststellen fan 'e lokaasje fan it multifunksjoneel gebou bliuwt der noch rdmte oer foar it realisearjen fan 'e j ongereinhdsfesting sa't dat troch de BWL dtsteld wurdt. Yn dat ferban sil der in ferbiningsdyk tusken de Lege Hearewei en de Pyter Jurjensstrjitte oanlein wurde. It toetsen fan it bouplan oan it jildende bestimmingsplan lit sjen dat it der net yn past. Binnen de bestimming foar bysdndere doeleinen is farier- jende bou mooglik mar yn 'e jierren dat dat bestimmingsplan opsteld is, is oan sok soarte fan projekten net sa sear tocht. Yn it planologyske kader dat us hjoeddedei foar eagen stiet komt in menging fan funksjes foar: wenjen, lytshannel, hoareka, kantoaren, bedriuwichheid, ferkear en parkea- ren, grienfoarsjennings en boartersgelegenheid en ek doeleinen fan iepen- bier nut. Yn dy funksje fan doarpssintrum is derom ek de wenfunksje tastien. Wy stelle j imme At in tariedingsbesldt foar dat diel fan it sintrum fan Stiens te nimmen. Ddrmei wurdt foar dat bouplan en it fierder stal jaan oan de plannen sa't dy oant no ta Gntwikkele binne, in mooglikheid bean fia de kdst-19 proseduere. Dan kin frijstelling ferliend wurde fan 'e bepalings fan it jildende bestimmingsplan der't by foarutrGn wurdt op in planologysk kader dat by it wer opnij besjen fan it bestimmingsplan foar it sintrum fan Stiens feitlik realisearre wurde sil.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 10