GEMEENTE 5 LEEUWARDERADEEL Agindapunt 5 Utstelndmer 94/ 64. Stiens, 22 juny 1994 Underwerp tariedingsbesldt Stiens d'Orient noardeast (diels) bouplan W. Timmermans, Perzenstrjitte 1, Stiens Oan de gemeenterie De hear W. Timmermans hat in oanfraach boufergunning yntsjinne foar it grutter meitsjen fan syn this oan 'e Perzenstrjitte 1 yn Stiens. It toetsen fan it bouplan oan it jildende bestimmingsplan lit sjen dat it d£r net yn past sjoen de tastiene opperflakte oan bygebouwen. It past wol yn de bygebouweregel d§r 't yn dat soart sitewaasjes op foarut rtin wurdt en dy't by it wer opnij besjen fan it bestimmingsplan yn dat plan opnaam wurde sil. Foard.tr innend op 'e sitewaasje fan in nij bestimmingsplan kin, nei it nimmen fan in tariedingsbesldt frijstelling ferliend wurde fan it jildende bestimmingsplan en meiwurke wurde oan it ferlienen fan in boufergunning. Wy stelle jimme dan ek dt te besluten ta it nimmen fan in tariedingsbesldt en oan us kolleezje de fierdere ofwikkeling fan 'e proseduere oer te litten. De punten dy't betrekking ha op dit stik lizze op besjen yn 'e riedsporte- feuille. Wy merke yn dit gefal noch op dat wy dwaande binne mei it dntwikkeljen fan neier belied op it punt fan 'e romtlike oardering foar de Stienzer Hegedyk. Hoe't soks ek gestalte krije sil, de bygebouweregel sil d§r yn alle gefalien minimaal diel fan dtmeitsjen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 17