GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt 5 Foarstelnti.94/85 Stiens, 15 july 1994 Underwerp prioritearring feroaring tinderskate bestimmingsplannen Oan de gemeenteried Yn de riedssltif treffe jimme de offerten oan fan it Stedeboukundich buro Bugel/Hajema oangeande de feroaring fan in tal bestimmingsplannen. Ek de oare stikken dy't ddrmei te krijen hawwe binne der foar jimme ynlein om yn te sjen. It giet om de feroaring fan it bestimmingsplan btitengebiet en de plannen om de doarpen Jelsum en Koarnjum hinne neffens de oanwizing fan de minister fan VROM as gefolch fan de ltidsproblematyk om'e fleanbasis Ljouwert hinne en wat Jelsum oangiet ek de oanwizing fan in part fan dat doarp as beskerme doarpsgesicht. It giet ek om it nije bestimmingsplan Stiens - Aldltin. Kwa prioritearring stelle wy foar dit j ier noch in begj in te meitsjen mei it btitengebiet en Stiens - Aldlan en yn 1995 te plannen Jelsum en Koarnjum oan te pakken. Sjoen nei de problematyk dy't spilet, achtsje wy in yntegrale feroaring fan it btitengebiet op syn plak en kinne wy net folstean mei in oanpassing oan allinnich de fleantuchproblematyk It Stgdeboukundich buro Bugel/Hajema hat der offerten foar titbrocht. Mei jimme riedskommisje DOW hawwe wy d§r fierder oer praten. In tal fragen hawwe derby op'e aljemint west en binne beantwurde. It liket As yn dit ferban in goede wurkwize om yn jimme ried de grutte line fan prioritearring tit te setten en fia de kommisje de fierdere oanpak en tema's te besjen en te bepraten. Wat it btitengebiet oangiet binne dat tema's lyk as: it btitengebiet as agrarysk produksjegebiet de ltinskiplike kwaliteiten fan it btitengebiet; it btitengebiet as wengebiet; frijkommende eardere agraryske bedriuwsgebouwen; oergongsgebiet tusken btitengebiet en de doarpen; bestimmingsplansystematyk: beskriuwing yn haadlinen yn stee fan detaille arre bestimmen. Wy stelle foar te besluten om mei it wurk te begjinnen. De kosten fan Stiens - Aldlan komme foar rekken fan it grtinbedriuw. Foar 1994 is 90.000,-- rtisd foar de feroaring fan in tal bestimmingsplan nen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 204