GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt 9 Foarstelnd. 94/ 89 Stiens, 15 july 1994 Underwerp tariven swimbad It Gryn (abonneminten winterseizoen) Oan de gemeenteried By jimme beslAt fan 24 febrewaarje 1.1. hawwe j inline de tarivetabel 1994 foar it net-ferieningsgebrdk fan it swimbad fan it sportkompleks It Gryn feststeld. Dy tabel biedt de mooglikheid fan it keapjen fan gesins-)abonneminten foar it simmerseizoen. Dat seizoen rint likernoch fan maaie o/m augustus, oftewol 4 moanne. Foar de oare moannen fan it jier is de brQker fan it swimbad oanwiisd op it keapjen fan losse kaartsjes of moanne-abonneminten. Fan finderskate kanten binne wy frege om it ek foar it winterseizoen mooglik te meitsjen om abonneminten foar perioaden fan 4 moanne (septimber o/m desimber en jannewaarje o/m april) oanskaffe te kinnen. Wy kinne As wol fine yn de diene suggestjes en stelle jimme derom foar de tarivetabel derop oan te passen. De te hantearjen tariven kinne derby oflaat wurde fan de tariven foar it simmerseizoen. De binne: - gesinsabonneminten 175,-- - bern o/m 16 jier - 56,-- - bern 17/18 jier - 66,50 - folwoeksenen - 88,-- - folwoeksenen 65 jier e.a. - 66,50 Yn de simmerperioade binne de gebrAksmooglikheden fan it kompleks grutter Yn it foar- en neiseizoen moatte derom legere tariven frege wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 216