Dit Underdiel wurdt yn stimming brocht. Foar it Ustel fan it kolleezje binne de leden Klaassens, Admiraal, Van Rijn, De VriesJansma en mefrou GlasTsjin binne de leden Ketellapper, Lageweg, EkasDijkstra, Bijlsma en Poortinga. De stimmen stake dus en dit part fan it Utstel komt de oare kear wer oan 'e oarder. 14. Utstel oangeande subsvdzie-oanfraach doarpshUs "De Kamnioen" yn Hyum 94/73 1875 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra, Poortinga, Van Rijn, Ekas en wethalder Jansma. De wethalder seit ta dat foar it ein fan it jier in Utstel oer it nije belied temjitte sjoen wurde kin en dat op it BTW-ferhaal weromkommen wurde sil yn de kommisje. S Cinder haadlike stimming wurdt neffens it Utstel fan it kolleezje besluten. 15. Utstel oangeande mobile bibleteek-foarsienning foar de iongerein yn Aide Leve 94/74 2037 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Klaassens, Van Rijn, Dijkstra, Ekas en wethalder Jansma. De hear Van Rijn wol dit Utstel 6fwize en de fersjenning foar de oare doarpen ynlUkede besteande fersjennings hanthavenje en de romte foar nij belied yn stan hilde. It earste part fan dit Utstel wurdt allinne stipe troch it oare lid fan de CDA-fraksjeIt twadde part ek troch de FNP en D'66. De oaren binne tsj in. Alsa is it hiele Utstel fan de hear Van Rijn Sfstimt. SUnder haadlike stimming wurdt neffens it Utstel fan it kolleezje besluten, mei de oantekening dat de CDA-fraksje tsjin is. 16Utstel oangeande meariierrenrUzing monuminten 1995 o/m 2000 94/75 2408 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Bijlsma en de foarsitter. Oer dit Utstel sil noch ris praat wurde yn de kommisje DOW. SUnder haadlike stimming wurdt neffens it Utstel fan it kolleezje besluten. 4

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 6