GEMEENTE LEEUWARDERADEEL Agindapunt6 FoarstelnA. 94/ 112. Stiens, 19 oktober 1994 Underwerp Wiziging Regeling Regio Noard-Frysldn en ynstelling mienskiplike regeling "Sonebehear Fryslan" Oan de gemeenteried Sonearringsplicht Wet LAdoerlest: Under de Wet LAdoerldst bestiet in sonearringsplicht foar yndustryterreinen der't A-ynrjochtings op festige binne of fdstige wurde meie. Binnen de Regio Noard-Frysldn komme sokke terreinen yn 7 gemeenten foar. Regionale beslutfoarming: De Regioried hat yn de gearkomste fan 9 maart 1993 ynstimd mei regionale utfiering fan dat sonebehear. Ljouwerteradiel hat gjin sonearringsplichtige terreinen. Oan de beslutfoarming oangeande de nedige wiziging fan de Regeling Regio Noard-Fryslan moatte alle gemeenten binnen de regio lykwols wol meidwaan. De finansjele konsekwinsjes wurde droegen troch de gemeenten dy't terreinen hawwe dy't bewekke wurde moatte. Gearwurking trije Regio's en Provinsje: Fierder is bestjoerlik besletten ta in oparbeidzjen op dat med tusken de trije Fryske regio's en de Provinsje. Derta is it nedich dat de dielnimmen- de gemeenten binnen de regio Noard-Fryslan ynstimme mei de mienskiplike regeling "Sonebehear Fryslan" Beslutfoarming yn de Provinsjale Steaten dat oangeande wie op 28 septimber 1.1. Beslutfoarming yn de Regioried sil pleatsfine op 20 desimber o.s. De untwerp Mienskiplike regeling foar it Sonebehear yn de Provinsje Fryslan leit by de stikken op besjen. Wy stelle jimme foar: I. de "Regeling Regio Noard-Fryslan" sa te wizigjen: oan artikel 8 wurdt taheakke lid d. "it advisearjen oangeande it sonebehear by de op grdn fan de Wet LAdoerlest sonearre yndustryterreinen".

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 19