■J GEMEENTE LA LEEUWARDERADEEL Agindapunt -q FoarstelnO.94/ 117. Stiens, 20 oktober 1994 Underwerp beskikberstellen kredyt foar de oanskaf fan in P.C. en meubildr Oan de gemeenteried By de foarjiersnotysje 1994 hawwe jimme middels beskikber steld foar de titwreiding fan de formaasje fan de ofdieling finansjes en personielssaken. D§r is wyls yn foarsjoen. Om de kontinuiteit fan de Citkearingsadministraasje fan sosjale saken te garandearjen, is derneist besluten dy administraasje oer te heveljen nei de Sfdieling fintnsjes en personielssaken en der in eksterne kreft foar oan te ldken. It gefolch derfan is dat mei gauwens op de Sfdieling finansjes twa minsken ekstra komme moatte en dat twa wurkplakken ynrjochte wurde moatte dy't passe by it meubiler dat der is. De kosten derfan binne 6.000,-- A 7.000,--. Fierders is it needsaaklik dat der yn alle gefallen ien P.C. oanskaft wurdt (de titkearingsadministraasje fan sosjale saken kin ferwurke wurde mei in noch oanwezige terminal) Ynklusyf de nedige netwurkkaarten en sa, wurde de kosten derfan globaal rOsd op likernoch 4.000,--. Meiinoar sil dus in kredyt nedich weze fan likernoch f 11000- - By in ofskriuwing yn 10 jier Ontstiet dSrtroch op annuiteitsbasis in jierldst fan f 1620- -De takomstige ferfanging fan de P.C. sil meinommen wurde yn it op te bouwen automatisearringsbudzjet Wy stellen jimme foar om it nedige kredyt beskikber te stellen. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel de siktaris, de boargemaster, J.J. KINGMA MR. C. BIJL

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 31