De hear Klaassens wie 15 septimber mei kundskip ofwezich. De titulatuer by Van Rijn is fuortlitten, wylst dy by oaren wol neamd is (sil tenei by dejinge dy't der rjocht op hat byskreaun wurde) Wethalder Jansma jout oan wat der dien is mei de fersmoarge grdn fan it wenwe inkamp De beslutelisten wurde fierder Unferoare feststeld. 5Ynkommen stikken en meidielings 94/93 2409 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen Dijkstra (B-2), Bijlsma (C-2), Poortinga (C-2)wethalder Jansma en de foarsitter. Tasein wurdt dat it kolleezje mei in neier utstel komme sil om te besjen op hokker wize kommen wurde kin ta neier oerlis oer it sosjaal kultureel wurk. De hearen Bijlsma, Poortinga en Dijkstra binne tsjin it utstel under punt C- 2 Sunder haadlike stimming wurdt neffens it utstel fan it kolleezje besluten. Meidield wurdt dat de projektgroep bestjoerlike fernijing op mear plakken gearkomsten haldt, te witten op 11 en 20 oktober. Hjiroer komt noch neier berjocht. De riedsleden kinne harren dan opjaan. 6Utstel oangeande beneaming leden algemien bestioer Sintrale Post Ambulanseferfier Frvslan 94/94 2533 m. De yn it utstel neamde kandidaten wurde mei 12 stimmen beneamd. 7Utstel oangeande beneaming lid vn it algemien bestioer Ferfierregio 94/95 2538 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hear Boersma en de foarsitter. De hear Jansma wurdt mei 12 stimmen beneamd. Hy seit ta it wurk fan de ferfierregio as fest agindapunt op de wurklist fan de kommisje Iepen- biere Wurken sette te sillen. 8Utstel oangeande it onstellen fan learlingeprognoase 94/96 2597 m. Hjiroer wurdt it wurd fierd troch de hearen EkasBoersma, Dijkstra en de foarsitter en yn twadde ynstansje troch de hear Van Rijn. SUnder haadlike stimming wurdt neffens it Utstel fan it kolleezje besluten. 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 5