-2- zende fuotpaad (tegels) leit op in skaadryk/kald plak en hat in tige beheinde rekreative weardeIt wurdt net in bulte brukt. Underhald fan de fiver fynt plak mei in boat en net fan'e wal of. It is net iens mooglik ora fan dy kant of de fiver mechanysk (mei kraan) te underhalden. De lans it fuotpaad steande beamen (twadde grutte) binne net be- skiedend foar de grienstruktuer fan d'Orient. De boppeneamde hiemen binne net lans dit paad untsluten. Utstel Wy stelle dan ek ut de stripe grun tusken de hiemen fan boppeneamden en de neistlizzende fiver oan boppeneamde oanfregers te ferkeapjen foar f 25,--/M2. Dizze priis is net neffens riedsofspraken, mar liket us lykwols reed- lik sjoen de manske ferbettering foar belanghawwenden. By de ferkeap wolle wy de folgjende betinksten stelle: - de wal fan de fiver moat syn natuerlike karakter halde - de besteande reitseame moat yn stan bliuwe. Ut namme fan de FNP-fraksje Ljouwerteradiel de 27 ste fan Wynmoanne 1994, Arjen Dijkstra.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 10