1 a BIJLAGE Oan'e gemeenteried fan de geraeente Ljouwerteradiel OangeandeUtstel FNP ferkeap iepenbier grien. Achte riedsleden, Yn ofwiking fan it utstel fan it Kolleezje stelle wy as FNP- fraksje ut ek de foljende stikken iepenbier grien te ferkeap- jen: - Pan de hear T. Been. Aldlansdvk 65 te Stiens; in stripe grun fan 2,50M fanut de eigendomskieding ynste fan de 3m de kommisje DOW utstelde 1,50M te ferkeapjen. Motifaasje De hear Been is fan doel de garaazje by syn hus te ferplakken, under it foarbehald dat derfoar in bou- fergunning ferliend wurdt. In stripe fan 1,50M is te min om dit mooglik te meitsjen. It iepenbier grien op dat plak (opgeande beamen) kinne stean bliuwe en wurde net oantaast. Utstel Wy stelle ut om in stripe grun fan 250M breed foar f 25.--/M2 (neffens ofspraken ried) oan de hear T. Been te ferkeapjen. Ien en oar op betinkst dat der wer in goede hage op'e nije eigendomskieding setten wurdt - Pan de hear P. van Berkum. de hear H.J. Granaatde fam. A. Woudstra CPapvrushof 2. 4 en 61 en oan de hear A. Spyksma. fam. J. de Boer, fam. G. Gaastra (Tulipastri 42 oant 46") te Stiens: de stripe grun te ferkeapje dy leit tusken de hiemen en de neistlizzende fiver. Motifaasj e It efterlizzende gebiet is no lans twa wegen/paden unt- sluten nei de Felixwei ta. Dizze twa untslutingen lizze sawat njonken inoar. It tusken de hiemen en de fiver liz-

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1994 | | pagina 9