N' Kolleez.ie. rie. oanwezigen. harkers nei radio Middelsee Dat wie efkes wennen op en nei 3 maart, de dei fan de ferkiezings. Jierren- lang fjouwer, sels twa kear fiif sitten han yn dizze rie en no twa. En sunt in hiel skoft, net mear in kristen demokratiske wethalder. No wol dat net sizze, dat soks alles si 11ichmeitsjend is. Mar de ferkiezings hawwe wol ta gefolg han, dat je no die! utmeitsje fan in folslein feroare gearstal- ling fan'e rie, mei twa nije partijen, wat undermear de lingte fan de gearkomsten en dermei it effisjintere bestjoeren der net makliker op makket. Betsjut dat no opposysje fan it CDA? Ja en nee. Yn it earste gefal sille wy utstel1 en fan it kolleezje saaklik beoardielje en ferlykje mei us eigen polityk program. Komt dat net oerien mei us tinken en utgongspunten, dan sille wy dat besykje by te stjoeren en mooglik tsjin te gean. Gjin opposys je betsjut net dat je oeral ja en amen (om yn CDA-termen te bliuwen) tsjin sizze. Je moatte net opposysje fiere om't je yn de opposysje sitte. Sa wurket dat ek net yn it monistisk systeem. It CDA soe hiel maklik, ut elektorale oerwagings, op in protte saken tsjin weze kinne, om't it dochs wol faaks trochgean sil as de rest fan de ried oars tinke soe. Mar dizze wize fan hanneljen, dy't op himsels net sa unbekind foarkomt, sille wy net hantearje. Ik tink dat dat net in konstruktieve benadering is foar it bestjoeren fan de gemeente en foar it belang fan us boarger. Ek sunder dat it CDA meibest- joert of in wethalder levert, nimt it CDA in stevich plak yn yn it maat- skiplik middensfjild, wer't ek noch wol nei lustere wurdt. Nim no bygelyks de utspraken fan de hear Bolkenstein, foarman fan de WD, (ik stap no efkes oer de gemeentegrinzen hinne, dat dogge wy wolris faker, gemeentepolityk haldt net by de gemeentegrinzen op) dy't seit, dat de Nederlanske mienskip stuolle is op kristlike wearden en noarmen, dy't eins wer yn it begjinsel programma fan de WD opnommen wurde moatte soenen. Elektoraal? Seker. Mar ek realistysk. Wer't bygelyks dit aspekt op dit stuit in wichtige rol yn spilet, is de diskusje oer de nije winkelslutingswet. As de nije "neo liberale" minister fan ekonomyske saken syn sin krijt en wy hawwe it ofrune wykein hearre kinnen dat der dat in bytsje krigen hat, dan wurdt de aide winkelslutingswet no sadanich liberalisearre, dat de gemeente undermear it foech krijt om te besluten oer it iepen halden fan winkels W alle san dagen fan'e wike. Yn feite swak fan de regearing dat hja dit ofskoot op de gemeente bestjoe ren. En dat binne no krekt fan dy saken dat it jammer is dat it CDA sels net yn'e regearing sit. En derom fan us oandacht oan it foarnimmen yn dizze algemiene skogings. want wy binne folslein op dit foarnimmen tsjin. Werom net soenen je sizze. Ik neam inkele aspekten dy't hjirby in wichtige rol spylje: 1. De snein is in restpunt yn'e wike. De Nederlanske mienskip is stuolle op kristlike wearden en noarmen en foar in protte minsken betsjut de snein in dei dat men utering jaan kin oan religieuse aktiviteiten. Yn dat opsicht in wichtige dei foar in belangryk part fan us mienskip en foar us partij. Mar net allinne dat. Tagelyk hechtsje ek in protte minsken in grutte wearde oan gewoanwei in restdei yn'e wike. De boge kin net altyd spant stean. 2. Derneist spilet it sosjale argumint. In protte undernimmers sille har ferplicht fiele ut ekonomyske motiven en om de winkel sneins iepen te dwaan om't de marges sa lyts binne, dat ut 1 ibbensbehald de winkel 12

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 24