Foarsitter, wy soenen graach fan it kolleezje foar maaie 1995 in konkrete utwurking hawwe wolle en der fersteane wy it folgjende under: oanwizing fan in lokaasje yn oerlis mei DOW en de alderein-organi- saasjes, PCBO en ANBO gearwurking sykje mei in projektuntwikkelder. bygelyks de wenning- bouferiening BWL by de belangstellenden/alderein ynfetarisearje wat harren ferlangens op dat med binne. Sadat dan uteri ik foar de simmer beslutfoarming oer de bou fan dizze husfesting plak fine sil en dat dit jier noch mei de bou begun wurde kin. Foarsitter, wy soenen graach in reaksje hawwe wolle op dit troch it CDA utstelde tiidskema. De butendoarpen De leste pear jier is der in protte ynfestearre yn Stiens. En der binne wy wiis mei. Dit soe ynhalde kinne dat de butendoarpen fergetten wurde soene, mar wy kinne ek stelle, dat in oantal jierren ferlyn der gans aktiviteiten yn de butendoarpen foar de ferbettering fan it 1 ibbensklimaat plak fun hawwe. Mar se meie net ut it each ferlern wurde. De doarpshuzen drage geweldich by ta in goede 1ibbensomjouwing. Op dit stuit is it subsydzje belied wat op de doele, mar wy hawwe begrepen, dat meikoarten in nij subsydzje beleid foar de doarpshuzen oan us foarlein wurdt. Wy sjogge dat mei belangstelling temjitte. In saak wat nochal spilet, is de parkearproblematyk yn Jelsum/Koarnjum by de sportfjilden. Is it kolleezje ek foarnimmens om dit op koarte termyn oan te pakken? Stedsqewest It stedsgewest draait no sa'n 4 jier. Nettsjinsteande dat wy regelmjittich ynformaasje hjir oer krije, bestiet der noch in protte unbegrip, wantrouwen by ferskate rieden c.q. riedsleden en de boarger yn de regio oer dit stedsgewest. De iene tinkt, dat de omlizzende gemeenten opslokt wurde sille troch Ljouwert, de oare tinkt dat se neat fan it jild werom krije sille wat se der ynstopje. Foarsitter, lit dit dudlik weze, as wy wat fan it stedsgewest meitsje wolle, dan sille wy der posityf tsjinoer steane moatte en net allinne blyn fare moatte op untjouwings yn eigen gemeente. Mei us alien moat in gehiel in mearwearde opleverje, en kinne der projekten utfierd wurde dy't allinne troch gearwurking yn it stedsgewest realisearre wurde kinne. Fersterking fan de regio der giet it om. Want de oanlis fan de saneamde noard-west tangent, wat al jierren op us ferlanglist stiet, kin op dizze manier barre en dat soe in moaie opstekker foar us gemeente weze. Mar hjir trochhinne spilet de diskusje oer de bestjoerlike fernijing en yn dy diskusje spilet ek it stedsgewest in rolYn de koersnotysje dy't yn oktober utkommen is, wurdt de mooglikheid oppere, dat de "hoofdplaats" utgroeie moat ta sa'n dikke 100.000 ynwenners. Foarsitter, wat us oanbelan- get sil dit ut natuerlike oanwaaks komme moatte en net troch anneksaasje fan us gemeente. Ien fan de dingen dy't yn it stedgewest oanpakt is, is de saneamde kor- ridorstudzje nei u.o. de oanlis fan de noard-west tangent. Der binne de leste tiid luden te hearen dy't hjir "nee" tsjin sizze. Dit soe te djoer wurde en it ienichste helbere op dit momint soe in busbaan nei Ljouwert weze en dan in stik Ljouwert yn. Hjirtroch soenen safolle mear minsken fan de bus gebruk meitsje, dat de needsaak fan de noardwest-tangent net mear oanwezich is. No, dat is in illuzje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 26