ning heart ek foar dizze foarsjenning beskikber te bliuwen. In sekere reserve foar dizze foarsjenning soe ek net misstean, want der hoege mar in pear oanfragen foar bygelyks husoanpassing te kommen en je sitte al mei in tekoart. Foarsitter, wy tinke wol, dat de foarljochting oan dizze doelgroep nochris tsjin it Ijocht halden wurde moat, want der is in kategory dy't hjir gebruk fan meitsje kin en dochs net wit hokfoar mooglikheden der foar harren binne. De kearn fan Stiens Der bart wat yn Stiens. En dat is mar goed ek. Want de sizwize seit al Stilstan is efterutgong. Mar, en der is wer dat fingerke, it moat wol ferantwurde weze. Dat wol sizze: ekonomysk, estetysk, behald fan eventuele kultuerele/historyske rykdom en net yn it leste piak mei in goede solide finansjele underbouwing, wat jim wol fan it CDA went binne. Yn de kommisjegearkomste fan begjin desimber hat wol bliken dien, dat dit leste aspekt wol ien fan de tukelteammen wie. Foarsitter, dat der wat barre moat yn de kearn fan Stiens is sa wis as in kluntsje mei derby in utwreiding fan winkels. Wat de winkelfoarsjennings oanbelanget, binne wy it iens mei de slogan fan de trije K's foar it winkelsintrum, foar safier't je hjir oer in winkelsintrum prate kinne, nammentlik: kompakt, kompleet en komfortabel En sa is it mar krekt, want de dochs wat ynsette delgeande spiraal wat de keapkreftbining foar de middenstan fan Stiens oanbelanget, moat wol in "ho" taroppen wurde en dat kin neffens us troch in utwreiding fan it winkel- bestan yn Stiens. Wat dat oangiet steane wy iepen foar in winkelstrjitte yn Stiens, dy't troch de Langebuorren rint oant en mei de PJ-singel mei derby in winkel- fersjenning run it plein by it gemeentehus. Sa't de plannen fan in oare fraksje binne, om by de PJ-singel allinne huzen te bouwen en derby it aide skoalhus te bewarjen, der't 8-88 tsjinoan plakt is, liket us om twa redens net direkt gaadlik. 1. It finansjele plaatsje komt op dizze manier fierstente skeef te lizzen en; 2. op dit momint kin je de winkelfersjenning utwreidzje. Ik haw der saniis al op doelt en dy kans krije je net wer. Mar wy sille de alternative plannen dy't der binne, of komme, besjen en us oardiel der oer jaan. De plannen run it plein binne aardich en nijsgjirrich, mar it finansjele plaatsje is noch lang net run. Wy ferwachtsje fan it kolleezje dan ek in dudlik finansjeel stik mei in ferantwurde finansjele underbouwing. En werom net ris prate mei de undernimmers fan Stiens. Ek by harren giet de kost dochs foar de baat ut? De begruttinq Yn us skogings sille wy dit jier net wiidweidich by de begrutting stilstean bliuwe. De begrutting foar 1995 is slutend makke, hoewol der foar de kommende jierren gans tekoarten ferwachte wurde. It soe ut eachpunt fan in sun finansjeel belied net unferstannich weze om no al de belestings mei bygelyks de ynflaasjekorreksje te ferheegjen. Mar, dat is al te gemaklik. Op it momint dat de begrutting fan dat jier oan de oarder is si 1 der dan oandacht oan bestege wurde en alle war dien wurde moatte om it tekoart yn de begrutting sels op te heinen. Wy hawwe de ofrune jierren troch alle ynfestearrings dy't wy dien hawwe in aardige greep dien yn us reserves. Wy binne fan betinken, dat it belied yn'e kommende jierren der ek op rjochte weze moat om dizze wer op te bouwen. Soe it kolleezje oanjaan kinne hoe't sy dit realisearje wolle of is

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 28