it kolleezje fan betinken dat dat gjin prioriteit hat? Foarsitter, ik bin oan'e ein kommen fan us skogings. Spitich genoch kin de WD fertsjintwurdiger, Hans Boersma, hjir troch sykte net by oanwezich weze. Datselde jildt foar de hear Hottinga. Wy winskje harren in protte sunens ta en dat hja hjir wer gau yn us fermidden oanwezich weze meie. In jier is gau om. Wy hoopje dat wy ek yn it kommende jier wer ta goede beslutfoarming komme meie ta it wolbefinen fan de boarger fan Ljouwertera- di el CDA-fraksje Ljouwerteradiel Jouwert de Vries FRAKSJE FNP Foaropwurd Nei de ferkiezingen begjin dit jier is der in nije ried untstien weryn de partijen Gemeentebelangen en de PvdA it kolleezje foarme ha. Lang ha wy as FNP-fraksje oan de underhannelingen oer it kolleezjeprogram meidien. Brekpunten om dat program net underskriuwe te kinnen wiene foar us it net opnimmen fan: It selsstannich fuortbestean fan us qemeente Ljouwerteradiel As FNP stiene wy derop dat it fuortbestean fan us gemeente yn it kolleezje program opnommen wurde moast. Gemeentebelangen en de PvdA woene dit net oernimme. In aktvf belied wat de frvske taal en kultuer oanbelanget Ek der woene de kolleezjepartyen net oan. Sy halde it by in folgjend belied, mei oare wurden, sy wolle gjin eigen ferantwurdlikheid nimme wat dit oanbelanget. Om mear vns.ioch te kriien vn vnkomsten en utjeften dy't gearhing.ie mei produkten en tsiinsten wolle wv graach in produkt begrutting Op dizze wize wurdt helder wer't de kosten fan us gemeentlik apparaat oan utjun wurde en wat je as gemeente better sels dwaan kinne en wat je better dwaan litte kinne. Ek dat moast neffens de kolleezjepartijen net yn it kolleezjeprogram. Lanlike untiouwingen De gemeente kriget fan it ryk hieltyd mear taken taskood. Op himsels in untjouwing dy't wy stypje kinne, mar net as dy ynjun is troch besunigingen. It ryk skoot de besunigingen troch nei de gemeenten ta. Aanst hat it ryk it hushaldboekje op regel en moat de gemeente om run te kommen de lesten foar de boarger ferheegje. It ryk giet dan moai frij ut, de gemeente kriget de Swarte Pyt taspile en de boarger sjit der neat mei op. It regear untrint op dizze wize har ferantwurdlikheid. Begrutting 1995 Yn it oanbiedingsbrief by de begrutting foar it jier 1995 leze wy, dat sunder de lesten te ferheegjen in slutende begrutting ta stan kommen is en dat dernjonken noch in romte fan f 166.000,oerbliuwt foar nij belied. Dat is tige posityf fansels, mar der stiet net by dat, om safier te kommen, earst in fikse raam fan f 200.000,— ut'e algemiene reserve dien wurde moast. De motifaasje om dat te dwaan fine wy net sterk en der sette wy as 17

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 29