FNP-fraksje dan ek in fraachteken by. Fierder misse wy de utkomsten/rekken fan 1993 wertroch it hifkjen fan de sifers foar 1995 net mooglik is. Yn'e begrutting is fierders in earste oanset dien om de kosten fan it bestjoersapparaat te ferdielen en te setten by de tsjinsten werfoar se makke binne. Wy hawwe begrepen dat de tarekke- ning fan apparaatskosten oan tsjinsten/produkten sa't dy no yn de begrut ting stiet wiete finger wurk is. As foarbyld wol ik neame Untwiklingshelp, totaal begrutte bedrag f 11.000, werfan f 10.000,— apparaatskosten. Dit sil takom jier fansels krekter moatte wol sa'n begrutting teminsten wearde hawwe. Der sil derom oan tiidskriuwen dien wurde moatte. Wy hoopje dat dit in earste lytse stap is op wei nei in troch us winske produktbegrutting ta. Fraach 1 Kin it kolleezje dit befestigje? Algemien best.ioerlike saken Iepenbiere oarder en feiliqens Ferline jier al hat us fraksje har soarch utsprutsen oer it gefoel fan unfeiligens dat by de boargers libbet. Ut'e krante kinne wy fernimme dat de misdied yn Fryslan it leechst is fan Nederlan en sa moat it ek. Wy witte net as der neffens 1993 sprake is fan in ofname. Dochs fine wy it wichtich foar de feiligens dat de plysje sichtber is op strjitte en dat der yn koarte tiid help bean wurde kin. Fraach 2 Hoe sit it mei de misdiedsifers yn us gemeente en wit it kolleezje ek of der sprake is fan in of- of taname? Branwar As gefolch fan de plannen foar doarpsfernijing yn'e kearn fan Stiens sil de branwar ferfarre moatte. Hjirfoar wie earst f 300.000,rust. No skynt it al f 500.000,—kostje te moatten. Dit bedrach komt de FNP-fraksje as tige heech foar. Wy wolle dan ek op dit punt in neiere underbouwing eart wy in goede ofwaging meitsje kinne. Ekonomvske saken Ynfestearingen en produksje nimme ta wertroch de ekonomyske untjouwing wat fleuriger liket. Dochs nimt de wurkgelegenheid of en it tal minsken mei in utkearing ta. Der sil alles oan dien wurde moatte om dizze untjouwing te kearen. Wat by de ynfestearingen yn us gemeente opfalt is, dat se sawat allegearre rjochte binne op konsumtive saken. Dat soarte saken kostet de oerheid meastentiids in protte jild. De ienige grutte produktive ynfestearing dy't we dien hawwe is de oanlis fan bedriuwenterrein "Middelsee"Foar de wurkgelegenheid yn us gemeente achtsje wy dat in goede saak. Lykwols sil der om bedriuwen oan te luken in aktyf belied fiert wurde moatte. Wy freegje hjir benammen ek omtinken foar startende undernimmers. Ferkear. ferfier en wettersteat In pear saken dy't wy hjir neame wolle, binne feiligens en bedriuwichheid. Ofrune jier is der lans inkele wegen ferljochting oanbrocht. Wat de ferljochting oanbelanget libje der mear winsken. Wy freegje dan ek de knipepunten op in richje te setten en dy oan te pakken. Fraach 3 Is it kolleezje ree om dit yn 1995 te dwaan?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1995 | | pagina 30